[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kop-hals-romppleats

Ut Wikipedy
Kop-hals-romppleats ûnder Hallum (Kleaster Mariëngaard)
Kop-hals-romppleats Feitsmastate by Kollum

De kop-hals-romppleats is in type pleats dat in soad foarkomt yn Fryslân en yn it westen en noarden fan Grinslân. De pleats hat dizze beneaming krigen trochdat de foarm tinken docht oan in lizzende ko. Hjirby is it wenhûsdiel de kop, it middendiel de hals en de skuorre de romp.

De kop-hals-romppleats is ûntstien út de langhûspleats. Om 1600 gie it yn Fryslân tige goed yn de lânbousektor en wiene foar de rispinge gruttere opslachplakken needsaaklik. Oan de sydkant fan de pleats waard in stik oanboud. Hjirtroch ûntstie de kop-hals-romppleats, wêrby't it wendiel net rjocht foar de skuorre stiet. De nije pleatsen waarden sûnt dy tiid ek op dizze wize boud.

De kop-hals-romppleats is ek geskikt foar it moderne boerebedriuw.

In kop-hals-romppleats wie geskikt foar feehâlderij en lânbou. Der is wol in ferskil yn de foarm fan de pleats:

  • In greidpleats is wer te kennen oan it hegere wenhûs mei de dêrûnder lizzende molkenkelder en de kowegleskes yn de muorren fan de stâl.
  • In lânboubedriuw hat in ferlinge foarhûs foar in gruttere nôtopslachsouder en gruttere ramen oan de efterkant fan de pleats, dy't as terskromte brûkt waard.

De kop fan in kop-hals-romppleats hat topgevels mei skoarstiennen. Op de beide nalen fan de romp waard as beskerming in ûleboerd setten. Dat is in trijehoekich boerd mei in gat yn 'e midden dêr't ûlen troch yn en út gean koenen.

  • De kop-hals-romppleats sûnder hals of kop-romppleats is in fariant, wêrby't de kop en de hals net sichtber skieden binne, mar wêrby de wen- en libbensfunksje sa skieden binne yn de kop, dat er dochs sprake is fan in diel mei halsfunksje. Dizze pleatsen komme foar yn it easten fan Fryslân en yn it Westerkertier, wêr't de grûn bestiet út sângrûn, dy't minder fruchtber is as de klaaigrûn yn Noard-Fryslân en Grinslân.
  • De Biltse pleats is in fariant fan de kop-hals-romppleats wêrby’t it foarhûs heaksk op de skuorre stiet yn in L-foarm. Dizze fariant is te finen op It Bilt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]