[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Koolhoven F.K.51

Ut Wikipedy
Koolhoven FK.58


Rol Ferkenner/lesfleantúch
Makker Koolhoven
Untwerper
Earste flecht 1935
Yn tsjinst
Ut tsjinst
Tal makke 142 (1936–1938)
Brûkers Nederlân (LVA: 1938-1940 en KNYL), Spaanske loftmacht

De Koolhoven F.K. 51 wie in Nederlânsk les- en ferkenningsfleanmasine boud troch it fleantúchfabryk Koolhoven. It model waard op inisjatyf fan Frits Koolhoven dy't de hoop hie om him slite te kinnen oan de Loftfeartôfdieling (LVA), foarrinner fan de Keninklike Loftmacht.

Yn 1935 wie de LVA oant sykjen nei in ferfanger fan de Fokker C.1. De Koolhoven F.K. 51 en de Avro 626 waarden test en de Koolhoven waard as winner troch de Loftfeartôfdieling oankocht as les-ferkenningsfleantúch. Guon dêrfan krigen in lichte bewapening.
Ynearsten waarden 25 lestastelfarianten foar de LVA produsearre. Yn 1937 folge noch in bestelling fan 29 fan de ferkenner fariant, wêrfan't der oars mar 17 levere waardenwaar. Koolhoven levere totaal 17 tastellen oan de Marine Loftfearttsjinst en 45 oan it LA-KNYL.

De tastellen fan de LVA hawwe hawwe by it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch net folle útrjochtsje kinnen. De tastellen fan de MLD binne allegear ferneatige op de grûn op fleanfjild De Kooy. Allinne de oerbleaune eksemplaren fan de LA-KNIL binne in protte ynset yn de slach om Nederlânsk-Ynje.

Yn 1936 kocht it Spaansk republikeinsk regear, de Fuerzas Aéreas de la República Española, 28 tastellen, dy't as "postfleantúch" levere waarden om it wapenembargo te ûntdûken dat ûnder de Spaanske Boargerkriich ynsteld wie. Dy fleanmasines hawwe ek tsjinne as lichte bommesmiter. Guon fan dy fleantugen binne letter noch ûnder it nasjonalistyske bewâld fan Francisco Franco brûkt.

It Militêr Loftfeart Museum yn Soesterberg hat in replika.

  • F.K. 51 LVA earste serie, lesvliegtuig: sûnder bewapening
  • F.K. 51 LVA twadde serie, verkenner: mei ien 7.7mm Lewis mitrailleur yn de boppefleugel
  • F.K. 51 LVA tredde serie: útrist mei ien 7.7mm Lewis mitrailleur yn de boppefleugel én inselde mitrailleur by de efterste cockpit
  • F.K. 51 MLD: mei in Wright "Whirlwind" R-975-E1. Seis eksemplaren bewapene as de LVA earste searje en njoggen bewapene as de LVA tredde searje.
  • F.K. 51 LA: mei in Pratt & Whitney "Wasp Junior"
  • F.K. 51 "Spaanske ferzje": mei in Armstrong Siddeley "Jaguar" of in Wright "Whirlwind" R-975-E3 stjermotor.
  • Rol: Verkenner
  • Bemanning: 2
  • Lengte: 7,85 m
  • Spanwiidte: 9,00 m
  • Hichte: 2,85 m
  • Fleugeloerflak: 27 m²
  • Gewicht leech: 1000 kg
  • Startgewicht:
  • Maks.gewicht: 1550 kg
  • Motor: Armstrong Siddeley "Cheetah" IX fan 350 hk
  • Topfaasje: 235 km/o
  • Klimfaafsje: 4,7 m/s
  • Aksjeradius: 730 km
  • Tsjinstplafond: 5600 m
  • Bewapening: 1 7.7 mm Lewis mitrailleur yn de boppefleugel. Ien 7.7 mm mitrailleur yn efsterste cockpit.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]