[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Koolhoven F.K.46

Ut Wikipedy
Koolhoven F.K.46

De Koolhoven F.K.46 wie in Nederlânske twaddekker lesfleantúch út de jierren tritich, ûntwurpen en boud troch Fleantúgefabryk Koolhoven. De earste flecht fan dizze ienmotoarige twasitter wie yn 1933. Der binne op syn minst 13 tastellen fan dit type produsearre.[1]

Untwerp en skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Koolhoven F. K .46 lesfleantúch mei pleksyglês cockpitkape

De F.K.46 wie in dûbeldekker mei twa tandem sitplakken, ferdield oer twa iepen cockpits. De fleugels en romp waarden byinoarholden troch fleugelstilen en spantrieden. It fêste lâningsgestel hie fearren en skokbrekkers. It earste folslein houten prototype fleach foar it earst yn 1933, en waard oandreaun troch in 115 hk Cirrus Hermes-motor. Lettere typen waarden útrist mei in 130 hk Havilland Gipsy Major motor. In twadde prototype hie in romp makke fan metalen buizen en wie foarsjoen fan in lange ferskobere pleksyglês cockpitkape. De F.K.46 hie in komfortabel en dosyl fleangedrach, wat dat type geskikt makke as lestastel. It tastel waard beheind produsearre, yn 1934 waarden fjouwer oanskaft troch de Nationale Luchtvaart School. Ien fleantúch waard prebearre troch de Loftfeartôfdieling fan it Nederlânske leger, mar dat late net ta ferfolchoarders, omdat der úteinlik keazen waard foar de Fokker S.IX trainer.

Yn 1935 waard in ferzje mei in leger gewicht, oantsjut as F.K.46 L, boud. Dy waard oandreaun troch in 95 pk (71 kW) Walter Minor- motor. It wie it iennige tastel fan dit type dat boud waard.

De measte F.K.46's oerlibben de Dútske ynfal yn Nederlân yn maaie 1940 net. Ien waard nei Súd-Afrika oerbrocht foar gebrûk troch de Súd-Afrikaanske loftmacht. [2]

Gipsy Major luchtkuolle fjouwersilinder linemotor. It motorblok is omgekeard om de romte tusken de propeller en de grûn te fergrutsjen

Algemiene kenmerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Bemanning: 2
  • Lingte: 7,30 m (23 ft 111/2 in)
  • Spanwiidte: 8 m (26 ft 3 in)
  • Brutogewicht: 870 kg
  • Motor: 1 × de Havilland Gipsy Major luchtkuolle fjouwersilinder linemotor, 97 kW (130 hk)
  • Earste flecht: Ein 1933
  • Oantal boud: 13+
  • Maks. faasje: 175 km/o (109 mph)
  • Tsjinstplafond: 4750 m
  • Fleanberik: 590 km[3]

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) The Illustrated Encyclopedia of Aircraft (Part Work 1982-1985). Orbis Publishing.
  2. (in) Taylor, Michael J. H. (1989). Jane's Encyclopedia of Aviation. London: Studio Editions.
  3. Alex den Ouden Koolhoven F.K.46. Gearchiveerd op 2 juli 2022.