[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Koen van der Gaast

Ut Wikipedy
Koen van der Gaast
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 augustus 1923
berteplak Utert
stoarn 7 febrewaris 1993
stjerplak Utert
wurkpaad
berop/amt arsjitekt
reden
  bekendheid
ûntwerpen stasjonsgebouwen
bekendste
  wurk(en)
Stasjon Tilburch
offisjele webside
RKD-profyl

Koenraad (Koen) van der Gaast (Utrecht, 10 augustus 1923 - dêre, 7 febrewaris 1993) wie in Nederlânske arsjitekt dy 't him foaral dwaande hold mei stasjonsgebouwen en ûnder oare bekend is fan it stasjon fan Tilburch. Hy wie troud mei Utertske politika en aktiviste Sonja van der Gaast.

Van der Gaast waard berne yn Utert en studearre yn 1941 en fan 1945 oant 1949 boukunde oan de Technyske Hegeskoalle te Delft. Yn dy perioade bestie der oan de TH in konservative skoalle, oanfierd troch Marinus Jan Granpré Molière, en in progressivere beweging, wêrfan 't Cornelis van Eesteren en Jo van den Broek de kopstikken wiene. Van der Gaast keas foar de progressive fleugel en studearre yn 1949 ôf by Van den Broek.

Yn 1950 kaam Van der Gaast yn tsjinst by it arsjitekteburo fan P.J. Koster yn Zeist, mar yntusken wurke er ek al as meiwurkjend arsjitekt op it arsjitekteburo fan de Nederlandse Spoorwegen (Ofdieling Gebouwen), dat doe bestjoerd waard troch Schelling en Van Ravesteyn. Dêr bemiddele er foaral yn it skeel tusken Schelling en Van Ravesteyn. Yn 1953 naam Van der Gaast de lieding fan it arsjitekteburo oer. Syn earste grutte projekt wie it stasjon fan Eindhoven, dat yn 1956 klear wie. Stasjon Eindhoven waard op de list Top 100 Nederlânske monuminten 1940-1958 set en yn maart 2010 ynskreaun as ryksmonumint. De stasjons yn Almelo en Tilburch bedarren op de list 90 topmonuminten út it tiidrek 1959-1965.

Van der Gaast wie lange tiid it gesichtsbepalende ôfdielingshaad Gebouwen en bleau oant syn pensjonearring haad fan it arsjitekteburo, dat er yn 1978 en 1983 fersterke mei i oantal jonge arsjitekten, dy 't in bydrage leveren oan de opkommende renêssânse fan spoarwei-arsjitektuer yn Europa. Nederlân spile dêryn in foaroansteande rol, mei troch de oanlis fan inkelde nije linen en útwreidings fan it spoarnetwurk, dat resultearre yn in rige nije stasjons, dy 't ynternasjonaal omtinken lutsen.

Karút syn ûntwerpen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: