[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Francis Bacon

Ut Wikipedy
Francis Bacon
keunstner
Portret fan Bacon troch Reginald Gray, 1960
Portret fan Bacon troch Reginald Gray, 1960
persoanlike bysûnderheden
echte namme Francis Bacon
nasjonaliteit Britsk
berne 28 oktober 1909
berteplak Dublin
stoarn 28 april 1992
stjerplak Madrid flagge fan Spanje
etnisiteit Iersk
wurkpaad
wurksum as keunstskilder
streaming ekspresjonisme

Francis Bacon (Dublin, 28 oktober 1909Madrid, 28 april 1992) wie in Ingelske ekspresjonistyske keunstskilder. Hy makke portretten fan persoanen, wêrby't it antlit of lichem mishypt wie om in bettere yndruk fan harren psychyske en emosjonele aard wer te jaan. Bacon portrettearre net de bûtenkant fan de persoanen, mar de binnenkant. Syn skilderijen hawwe faak in grutske, tsjustere en benearjende útstrieling.

Karakterisearring fan syn wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bacon's atelier yn Dublin

De portrettearden yn it wurk fan Bacon binne faak ienlike, ferwezen en depressive persoanen dy't yn in gaoatyske wrâld libje en har weromlutsen hawwe yn in klaustrofobyske tsjustere lokaasje.

Bacon brûkte in unike skildertechnyk wêrby't hy earst farve op in doek smiet en dêrnei pas sjen gie wat hy yn de farveklodders seach. Pas as hy in foarstelling yn de abstrakte farve seach, gie hy dizze kwitsen útsmarren mei in doek, wêrby't de farve yn de poarjen fan it (net-preparearre) linnen drukt waard. By it útsmarren kaam hy wurkjendewei ta in einresultaat, wat hy 'boetsearje yn farve' neamde. Troch de flugge, dynamyske en spontane manier fan skilderjen en troch de soad ûnbeskildere plakken yn syn skilderijen kinne syn wurken beskôge wurde as akwarellen yn oaljefarve.

By Bacon foarme de komposysje it wichtichste ûnderdiel fan it skilderij. Hy eksperimintearre krekt salang oant hy de goede ferhâlding hie tusken foarm, kleur en djipte. Hjirby wie de leechte like wichtich as de foarmen en figueren sels. Neffens Bacon wie it meitsjen fan de komposysjes dan ek syn ienige driuwfear as keunstner: struktuer skeppe yn de gaos dy't syn eigen libben wie. Alle figueren hiene, oant yn de lytste details, in spesjale betsjutting yn Bacon syn libben en allinnich troch dizze figueren en foarmen yn strakke komposysje te setten koe hy mei dy obsesjes ôfrekkenje. Omdat it meitsjen fan komposysjes in soad eksperimintearjen en oefenjen ferge, makke Bacon tsientallen skilderijen oer itselde ûnderwerp, krektlike lang oant hy de ultime komposysje makke en mei dat byld ôfrekkenje koe. Hieltiten weromkommende bylden dy't troch de holle fan Bacon spûken en dêr't hy dus mei ôfrekkenje moast wiene de krusiging, trijelûken, it portret fan Velasquez, de selsmoard fan syn leafde George Dyer, skilderijen fan Vincent van Gogh, de minsklike mûle, rôfdieren en röntgenfoto's. Al dizze figueren en tema's kamen hieltiten werom yn syn wurk.

Hoewol't it wurk fan Bacon nea abstrakt woarn is, skildere hy syn skilderijen wol bewust ûndúdlik, wêrtroch't meardere ynterpretaasjes mooglik waarden. Bacon woe dat 'de farve in eigen libben krije soe', wêrmei't hy bedoelde dat elk mins yn de komposysje sjen koe wat hy woe. De details, persoanen en foarwerpen op it skilderij wiene foar him tige persoanlik gefoelich en, nei eigen sizzen, net belangryk foar de taskôger. Dy hoegde allinnich de harmonij, rêst en oarder fan de komposysje te ûndergean.

It wurk fan Bacon wurdt faak ta it ekspresjonisme rekkene, mar der binne ek reitsflakken mei it surrealisme. Bacon fûn himsels in 'persoanlik realist': hy skildere syn ûnderfinings en waarnimmings op in manier sa't hy dy yn syn holle oarderje woe.

Baggot Street 63, Dublin. Hûs dêr't Bacon berne is
  • Figures in a Garden (1936)
  • Three Studies for Figures at the Base of a Crucifixion (1944)
  • Figure in a Landscape (1945)
  • Study of a Dog (1952)
  • Figure in a Landscape (1952)
  • Study for a Portrait (1952)
  • Man with Dog (1953)
  • Study for Portrait II (nei de Life Mask of William Blake) (1955)
  • Study for a Portrait of Van Gogh IV (1957)
  • Figure with Meat (1954)
  • Paralytic Child Walking on All Fours (from Muybridge) (1961), Gemeentemuseum De Haach[1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Paralytic Child Walking on All Fours (út Muybridge)
  2. Francis Bacon yn it Museum of Modern Art