[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fjirtum

Ut Wikipedy

Fjirtum is in Fryske kulturele beweging dy't yn koarte tiid in oantal opfallende projekten fuortbrocht hat. De beweging moat oan de iene kant sjoen wurde as in oanjager fan keunst- en kultueruteringen yn brede sin yn Fryslân en oan de oare kant as in stúdzje fan de troch himsels ynsette ûntwikkelingen. Wat binne hjirfan de doelen?

In wichtich doel fan Fjirtum is it tagonkliker meitsjen fan de keunst en kultuer yn Fryslân. Ynstee fan in elitêr stânpunt yn te nimmen, lykas yn keunst- en kultuerfermiddens faak bart, wol Fjirtum de drompel sadanich ferleegje dat in protte minsken har oansprutsen fiele om sels ek in keunstsinnige of kulturele bydrage te leverjen yn hokker foarm dan ek. Fjirtum wol hjirfoar in platfoarm biede, se wol in moetingsplak en wurkplak wêze foar alle lagen fan de befolking en net in fan boppen-ôf opleine kultuer presintearje. Op it webstee binne hjirfan ferskate foarbylden te sjen lykas de projekten 'de Fjirtummer toer', de Fjirtummer symfony en de aventoeren fan Pompeblêdman.

In twadde doel is meiïnoar in antwurd te finen op de fraach oft der eins wol eat bestiet as "Fryske kultuer" (of dat der earder sprake is fan in soart griemmank fan ferskate kultueren, as gefolch fan de multykulturalisearring en sels globalisearring), en as se bestiet: wat binne dan de skaaimerken fan dy Fryske kultuer? Yn it ferlingde hjirfan lizze it flesseprojekt en it projekt 'Hjir leit Fjirtum'- wêrby 't nammers nei foaren komt dat guon der fan oertsjûge binne dat Fjirtum in plakje earne yn Fryslân is, dêr't sels aansichtkaarten fan besteane.

Op grûn fan wat hjir boppe stiet betitelje guon Fjirtum as in "Social sculpture", oaren neame it in "organysk kultuerproses mei in yntrinsike dynamyk", "in byldzjend merkûndersyk" of sels in 'metafoar fan de Fryske keunst en kultuer', mar der binne ek minsken dy 't it gewoan in 'fet geef cool projekt' fine.

It is de bedoeling dat safolle mooglik minsken har op ien of oare wize mei Fjirtum ferbûn fiele sille en eltsenien dy 't mei Fjirtum ferbûn is mei him in Fjirtumer neame.

De tekst is, mei tastimmming, foar in diel ûntliend oan it Fjirtum-webstee