[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fersekering

Ut Wikipedy

In fersekering (fan it Nederlânske verzekering) of assurânsje (fan it Frânske assurance) is in oerienkomst tusken in fersekeringsmaatskippij en in fersekeringnimmer. Troch in fersekering ôf te sluten besiket de fersekeringnimmer de finansjele gefolgen fan in risiko ôf te dekken dy't er sels net drage kin of wol. It begryp fersekering is dêrmei in foarm fan risikomanagement, dat benammen bedoeld is foar it gefal fan in ûngelok of in ramp. De fersekeringnimmer draacht op jierlikse basis in beskaat bedrach oan jild (in preemje) ôf oan 'e fersekeringsmaatskippij, en yn ruil dêrfoar seit de fersekeringsmaatskippij ta de kosten fan skea oan lichem en guod te fergoedzjen. De fergoeding wurdt betelle út 'e pot dêr't de preemjes fan alle fersekeringnimmers yn komme. Dit systeem wurket dus allinnich mar as net alle fersekeringnimmers tagelyk skea hawwe; mocht dat al sa wêze, dan giet de fersekeringsmaatskippij bankrot.

Fersekeringsrjocht yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kêst 7 lid 925 fan it Boargerlik Wetboek omskriuwt in fersekering sa:

Fersekering is in oerienkomst wêrby't de iene partij, de fersekerder, him tsjin genot fan preemje foar syn wjerpartij oer, de fersekeringnimmer, ferbynt ta it dwaan fan ien of mear útkearings, en wêrby't by it sluten fan 'e oerienkomst foar partijen gjin wissichheid bestiet dat, wannear't of oant hokker bedrach ienige útkearing dien wurde moatte sil, of ek hoelang't de oerienkommen preemjebetelling duorje sil. It giet om itsij in skeafersekering, itsij in sommefersekering.

Ut dy omskriuwing falt ôf te lieden wêroan't in oerienkomst foldwaan moat om in fersekering te wêzen:

  • Der binne twa partijen dy't de oerienkomst oangeane: de fersekerder (oftewol de fersekeringsmaatskippij) en de fersekeringnimmer.
  • De fersekerder ferplichtet himsels yn ruil foar de ûntfangst fan in fersekeringspreemje ta it dwaan fan ien of mear útkearings fan jild.
  • By it ôfsluten fan 'e oerienkomst wit net ien fan beide partijen oft der ea in útkearing dien wurde sil (om't ûnbekend is oft dat ea nedich wêze sil), en likemin is bekend hoe heech oft de útkearing wêze sil as er alris útbetelle wurde moat, of hoelang't de ôfsletten oerienkomst fan krêft bliuwe sil en de fersekeringnimmer preemje betelje moat.
  • De oerienkomst kin gean om in skeafersekering of om in sommefersekering.

Foar de betelling fan 'e preemje troch de fersekeringnimmer oer stiet de útkearing troch de fersekerder as, sa't de wet it omskriuwt, "it risiko ferwêzentlike wurdt." Dat wol sizze: as it barren wêrfoar't de fersekering ôfsletten is, him foardocht. In wichtich punt is de ûnwissichheid fan 'e beide partijen op dat punt; as dy der net is, kin der foar de wet gjin sprake wêze fan in fersekering.

Soarten fersekerings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skeafersekering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In skeafersekering is in fersekering dy't ta doel hat om it fermogen fan 'e fersekeringnimmer te beskermjen. Dat fermogen kin sûnder fersekering bygelyks oantaast wurde of ferlern gean troch skea feroarsake by in ramp, of troch skea dy't by ûngelok feroarsake wurdt troch de fersekeringnimmer sels of dy't moedwillich of by ûngelok feroarsake wurdt troch in trêde partij. By in ramp kin men tinke oan natoerrampen lykas in natoerbrân, oerstreaming, stoarm, orkaan of wynhoas, of oan antropogene rampen dy't ûntsteane as gefolch fan minsklike oanwêzigens of minsklik hâlden en dragen, lykas in miljeuramp, fleanramp, skipsramp of treinramp. Ek beskermet in skeafersekering de fersekeringnimmer tsjin 'e wetlike oanspraaklikheid foar skea dy't hy of sy sels by ûngelok tabrocht hat oan it besit fan in trêde partij.

De measte fersekerings dy't ôfsletten wurde, binne skeafersekerings. Guon spesifike foarbylden fan sokke skeafersekerings binne:

In fersekering foar konsuminten hat standert in kontraktdoer fan maksimaal ien jier. De ferlinging fan in fersekering moat yn alle gefallen rom yn 't foar troch de fersekeringsmaatskippij oanjûn wurde. Kontrakten dy't stilswijend troch de fersekeringsmaatskippij ferlinge wurde kinne, besteane yn Nederlân fan 1 jannewaris 2010 ôf net mear. As de konsumint en de fersekeringsmaatskippij in oare rintiid fan 'e fersekering oerienkomme, moat de konsumint dêrfoar twa kear syn of har hantekening sette. De opsistermyn is, nei de earste ferlinging, yn alle gefallen maksimaal ien moanne. Wol men graach in mearjierrich kontrakt hawwe, dan is dat mooglik mitsdat (op 'e nij) in dûbele hantekening set wurdt.

Sommefersekering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In sommefersekering keart in yn 't foar ôfsprutsen bedrach út as it ûnwisse barren him foardocht. In sommefersekering wurdt ôfsletten op it libben of de sûnens fan in persoan. Sokke fersekerings binne sadwaande hast altyd libbensfersekerings. Utsûnderings op dy regel binne in ûngelokkefersekering en in arbeidsûngeskiktheidsfersekering. In libbensfersekering einiget nei't de útkearing dien is. Dêrnjonken hat de fersekeringnimmer op elts willekeurich momint it rjocht en beëinigje de fersekering sels.

Tastânkomming fan in fersekering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fersekering komt ta stân troch it sluten fan in fersekeringsoerienkomst. Dat giet yn trije stappen.

De persoan dy't in fersekering ôfslute wol, docht dêrta in oanfraach by in fersekeringsmaatskippij. Hy of sy jout dêrby alle gegevens dy't fan tapassing binne op 'e ôf te sluten fersekering. Juridysk sjoen is de oanfraach in oanbod fan 'e kant fan 'e persoan dy't de fersekering ôfslute wol oan 'e fersekeringsmaatskippij, en stiet it de fersekeringsmaatskippij frij om dat oanbod ôf te wizen. (Dêrfoar besteane lykwols al beskate regels, benammen yn it ramt fan soarchfersekeringsoanfragen troch lju dy't op dat stuit al in sykte of oandwaning hawwe. Dat moat foarkomme dat sokke minsken oeral wegere wurde en gjin soarchfersekering mear ôfslute kinne.)

Yn 'e regel giet it dwaan fan in oanfraach foar it ôfsluten fan in fersekering almeast fia in tuskenpersoan dy't in fersekeringsagint of assuradeur neamd wurdt. Dy bepraat mei de persoan dy't in fersekering hawwe wol wat krekt syn of har winsken binne, en riedt op basis dêrfan in beskate fersekering oan dy't oanbean wurdt troch in beskate fersekeringsmaatskippij. As de klant dêrmei ynstimt, regelet de fersekersagint fierders de oanfraach.

De gegevens fan 'e persoan dy't de fersekering ôfslute wol, wurde oan 'e fersekeringsmaatskippij foarlein. Sadree't dy de fersekering akseptearret, oanfurdet er dêrmei it oanbod en komt de fersekeringsoerienkomst ta stân. Fan dat stuit ôf binne beide partijen oan 'e oerienkomst bûn, al is faak yn it kontrakt in betinktiid opnommen fan fjirtjin dagen, wêryn't de fersekeringnimmer him noch betinke en de ôfsletten fersekering opsizze kin. As hy of sy dat docht, wurdt it kontrakt neatich ferklearre en is it as hat it nea bestien. Oan 'e ein fan 'e betinktiid bekrêftiget de fersekeringsmaatskippij de oerienkomst troch de ôfjefte oan 'e fersekeringnimmer fan in fersekeringspolis, dêr't alle ôfspraken yn opsteld binne.

Meidielingsplicht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fersekeringnimmer hat in meidielingsplicht. Dat is in wetlike plicht om 'e troch de fersekeringsmaatskippij foar it ôfsluten fan it fersekeringskontrakt fereaske ynformaasje oer te dragen. Yn kêst 7 lid 928 fan it Boargerlik Wetboek wurdt dat sa omskreaun:

De fersekeringnimmer is ferplichte om foàr it sluten fan 'e oerienkomst oan 'e fersekerder alle feiten mei te dielen dêr't hy fan op 'e hichte is of fan op 'e hichte heart te wêzen, en wêrfan't, nei't er wit of heart te witten, de beslissing fan 'e fersekerder oft, en sa ja, op hokker betingsten, dy de fersekering slute wol, ôfhinget of ôfhingje kin.

Ornaris bepaalt it oanfraachformulier de omfang fan 'e meidielingsplicht. De fersekeringnimmer hoecht útslutend de fragen te beäntwurdzjen en is net ferplichte om spontane meidielings te dwaan bûten de stelde fragen om; de meidielingsplicht is inkeld fan tapassing op it earlik en folslein beäntwurdzjen fan 'e stelde fragen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.