Fokker S.14
Fokker S.14 Machtrainer | |
---|---|
Rol | Trener |
Makker | Fokker |
Untwerper | Fokker |
Earste flecht | 19 maaie 1951 |
Yn tsjinst | 1955 |
Ut tsjinst | 1967 |
Tal makke | 21 |
Brûkers | Keninklike Loftmacht (Nederlân) |
Farianten | Machtrainer MkII |
De Fokker S.14 "Machtrainer" wie strieltrener dy't tusken 1955 en 1967 by de Nederlânske Loftmacht tsjinne hat. It fleantúch hie in luchtynlit yn de noas fan de romp en wie útrisd mei Martin-Baker sjitstuollen. Ynstrukteur en learling sieten neist elkoar, in ûngewoane opstelling foar dizze kategory treners. De fleanders mochten graach oer de S.14 meidat er noflik fleach en meidat er in legere lâningsfaasje hie as de measte strieljagers út de tiid; dat hie mei te krijen mei de rjochte fleugel mei syn grutte oerflak.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fokker S.14 fleach foar it earst op 19 maaie 1951. It is it earste troch Fokker boude strielfleantúch en it earste strielfleantúch yn de wrâld dat as trener ûntwurpen waard; oars as bygelyks de Lockheed T-33, dy't in 2-sits fariant ôflaat fan de P-80 Shooting Star wie.
De iennichste bestellingen foar de S.14 kamen fan de Nederlânske loftmacht dy't totaal 20 ûntfong. Dy krigen de nûmers L-1 o/m L-20. It earste tastel fan dy rige waard 3,5 jier nei de earste flecht fan it prototype ôflevere.
Yn 1952 wiene de lisinsjerjochten oan Fairchild tasein. Sy hopen dat se it fleantúch oan de US Air Force slite koene. Dy hie lykwols gjin ferlet meidat se om 1955 hinne de Cessna T-37 Tweet- trainer ta foldwaan krigen hie.
Yn 1958 binne der in stikmannich modifikaasjes op it prototype (PH-XIV) trochfierd. Hy krige yn it plak fan de Rolls-Royce Derwent-strielmotor in Rolls-Royce Nene Mk.3-motor. Dit wizige prototype hie de oantsjutting machtrainer Mk II. De kisten foar de KLu wiene allegear útrist mei RR Derwent 8-motoren
Tsjinsterioade by de Keninklike Loftmacht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it foarste plak wiene de S.14's ornearre foar it fertroud meitsjen fan de piloaten mei it fleanen fan strielfleantugen. Guonts waarden ek foar promoasjedoelen brûkt. De L-4 makke yn 1955 omgong troch de Feriene Steaten. Op ien fan dy flechten stoarte it tastel del en ferlear de bekende tsetpiloat Gerben Sonderman fan Drachten it libben.
Ek hat ris in S.14 meidien oan de race tusken Londen en Parys, yndertiid in bekend ferskynsel yn de loftfeart.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mjitten | Feiten |
---|---|
Bemanning | 2 |
Langte | 13,3 m |
Spanwiidte | 11,89 m |
Hichte | 4,67 m |
Fleugeloerflak | 31,3 m² |
Gewicht leech | 3765 kg |
Startgewicht | 5532 kg |
Klimfaasje | 942 m/m |
Heechste faasje | 781 km/o |
Tsjinstplafond | 11.125 m |
Fleanberik | 965km |
Oandriuwing | 1 Rolls Royce Derwent fan 1.575 kN driuwkrêft |
Bommen | 4 x 11.4 kg oefenbommen |
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Uijthoven, René L., "Twenty-One Worldbeaters:Fokker's S.14 Machtrainer". Air Enthusiast, nû. 103, jannewaris/febrewaris 2003, siden52–57. Stamford, UK: Key Publishing. ISSN 0143-5450.