[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fokker B.I (1922)

Ut Wikipedy
Fokker B.I - B.III


Rol Ferkenningsfleantúch
Makker Fokker
Untwerper Walter Rethel
Earste flecht 1922
Yn tsjinst
Ut tsjinst 1929
Fariant B.III
Tal makke 2
Brûker Marine Loftfearttsjinst

De Fokker B.I wie in troch Fokker yn 1922 boude fleanmasine ornearre foar ferkenning. De B.I wie in ûntwerp fan Walter Rethel. Yn 1926 folge in ferbettere ferzje, de B.III.

It wie in konvinsjonele twadeks-fleanboat. De motor mei fjouwerblêdige triuwpropeller siet oan de boppefleugel. De romp fan duraluminium hie trije iepen cockpits - ien yn de noas foar in skutter, ien foar de ûnderfleugel foar de fleander en boardwurktúchkundige en ien efter de fleugels foar in twadde skutter. De B.I wie in amfibyfleantúch, de lâningstsjellen koene tsjin de romp fâlde wurde, mar dy ynrjochting waard weilitten by de B.III.

De B.I fleach in tal jierren yn Nederlânsk-Ynje by de Marine Loftfearttsjinst en foldie dêr goed, mar dochs waarden der net mear fan besteld. Fokker hope dat de modernere en ferbettere B.III foar nije ynteresse foar it type soargje soe, en ûntwurp it tastel sa dat der in passazjierskabine yn de romp makke wurde koe, yn de hope kommersjele klanten te lûken. Dat barde lykwols net en de B.III waard net ferkocht. It tastel waard lang om let nei de Fokkerfestiging yn de FS stjoerd dêr't de romp as basis foar de Fokker F.11 brûkt waard. Uteinlik waard it fleantúch troch Harold Vanderbilt kocht.

Algemien
  • Bemanning: 4 - Piloat, boardwurktúchkundige, twa skutters
  • Lingte: 11,85 m (38 ft 10 in)
  • Spanwiidte: 18,00 m (59 ft 1 in)
  • Hichte: 3,95 m (13 ft 0 in)
  • Fleugeloerflak: 59.0 m2 (603 ft2)
  • Gewicht leech: 1.870 kg (4,120 lb)
  • Gewicht fol: 3.070 kg (6,770 lb)
  • Oandriuwing: 1 × Napier Lion-motor, 336 kW (450 hk)
Prestaasjes
  • Heechste faasje: 180 km/o
  • Tsjinstplafond: 3.700 m (12,100 ft)
  • Klimfaasje: 3.0 m/s (600 ft/min)
Bewapening

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • (in) The New Fokker Amphibian Flying Boat yn Flight fan 21 desimber 1922, s.772–73 hjir