[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Euskirchen

Ut Wikipedy
Euskirchen
Euskirchen yn noardwestlike rjochting
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Euskirchen
Sifers
Ynwennertal 58.754 [(31-12-2021)
Oerflak 139,49 km²
Befolkingstichtens 421 ynw./km²
Hichte 160 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 39' N 6° 47' E
Webside www.euskirchen.de

Euskirchen is in middelgrutte Dútske stêd yn it Rynlân en as Kreisstadt sûnt 1827 de bestjoerssit fan it Kreis mei deselde namme yn it súdwesten fan Noardryn-Westfalen.

Euskirchen krige al yn it jier 1302 stedsrjochten en is mei mear as 58.000 ynwenners it sintrum fan in eigen regio mei in eigen fersoarchingsberik fan goed 190.000 minsken.

Dielen fan de âlde stedsmuorre en trije fan de ferdigeningstuorren, dy't eartiids by de stedsfersterkings hearden, steane njonken de hjoeddeiske arsjitektuer. Binnen de âlde midsiuwske stedsmuorren is in fuotgongerssone oanlein.

De memmetaal fan de yn Euskirchen berne ynwenners is ek tsjintwurdich noch jimmeroan it Eifeler Platt, dat him ûnderskiedt fan it yn de omkriten mear brûkte Kölner Platt.

De Sint-Martenstjerke yn it sintrum fan Euskirchen

Ta Euskirchen hearre njonken de kearnstêd mei de stedswiken Altstadt, Ost-, West-, Nord- en Südstadt nochris 22 oare Stadtteile:

Billig, Disternich, Dom-Esch, Elsig, Euenheim, Flamersheim, Frauenberg, Großbüllesheim, Kessenich, Kirchheim, Kleinbüllesheim, Kreuzweingarten-Rheder, Kuchenheim, Niederkastenholz, Oberwichterich, Palmersheim, Roitzheim, Rüdesheim, Schweinheim, Stotzheim, Weidesheim, Wißkirchen en Wüschheim.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Euskirchen fan Wikimedia Commons.