[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Epipaleolitikum

Ut Wikipedy
Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-
litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litikum Let
Midden
Ier
Stientiid

It epipaleolitikum is de namme dy't oan de mesolityske perioade jûn wurdt yn streken dêr't de jongste iistiid, it Weichselien, gjin grutte rol spile en de neolityske revolúsje folle earder begûn en geleidliker ferrûn as yn in noarden.

De epipaleolityske perioade wurdt tenminsten yn it Midden-Easten, Anatoalje en Syprus ûnderskieden fan it (noardlike) mesolitikum. It epipaleolitikum begjint, hoewol't der regionale ferskillen binne, ûngefear 10.000 jier lyn en einiget 2000 jier letter.

Krektas yn it mesolitikum wurde fynsten dominearre troch fjoerstienen ark en pylkpunten (mikroliten) dy't as pylk- of lanspunt oan in skacht fêstmakke waarden.

Sedintêre kultueren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de measte kultueren nomadyske jager-samlers wienen, ûntstienen yn de Levant ek de earste fêste delsettings fan de Natufyske kultuere, en yndustrieel meitsjen fan mikroliten. Ek binne der de earste bewizen foar de rispinge en de opslach fan wylde gêrzen.