[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Eggerik Beninga

Ut Wikipedy
Wapen fan de Beninga's

Eggerik Beninga (Grimersum, 1490 - Grimersum, 19 oktober 1562), somtiids ek skreaun as Eggeric(k) Benninga of Benynga, wie in Eastfrysk haadling dy't in skiednis skreaun hat oer de Friezen.

Eggerik Beninga stamme út in foaroansteande (East-)fryske haadlingelaach. Hy wie soan fan Garrelt Beninga, haadling en provoast te Wurdum, Jennelt en Grimersum en Essa Houwerda von Up- und Wolthusen, dochter fan Snelger Houwerda fan Termunten. Op jonge leeftyd tsjinne er ûnder Greve Edzard de Grutte fan it Greefskip East-Fryslân. Yn 1525 waard Eggerik drost op de wichtige festing Leerort, dêr't er him dwaande hâlde mei it bestjoer en rjochtspraak.

Nei de dea fan Greve Enno II, de opfolger fan Edzard wurke er as riedjouwer oan it hof (1540) fan de Eastfryske Grevinne en wie belutsen by alle wichtige lânsoangelegenheden en sadwaande tige ynfloedryk. Yn 1556 waard er op 'e nij drost yn Leerort en fiif jier letter kaam er werom op syn state yn Grimersum, dêr't er al gau ferstoar.

Grêftombe fan Eggerik Beninga yn de tsjerke fan Grimersum

As skiedskriuwer skreau er de "Volledige Chronyk van Oostfrieslant", of "Cronica der Fresen", alhiel yn it Nederdútsk. Dy kronyk befettet net allinnich de skiednis fan East-Fryslân, mar ek dy fan alle oanswettende folken. De boarnen dy't er brûkt hat foar syn skiednis binne lykwols net bekend, sadat der twifel bestiet oer de autentisiteit fan guon foarfallen dy't er beskriuwt. Mar dêr stiet tsjinoer dat in soad ûnderwerpen dêr't er oer skriuwt bekend binne fan oare skiedskriuwers út dy tiid.

Dit skreau er oer de pest:
...eene groote geschwinde krankheit ... in den anfang quam se mit eener kolde, daer sloech dan de bloetgang to, men achtede de selvige kranckheit der pestilentie gelyck, jedoch sturven nicht veel luede.....

Syn skiedskriuwerij fan Fryslân waard letter fannijs besjoen troch Eilhardus Folkardus Harkenroth (1670-1732). In eardere edysje waard útjûn troch A. Matthaeus, dy't basearre wie op in oar manuskript en printe waard yn 1706 te Leien.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]