[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Eastein (fûgel)

Ut Wikipedy
eastein

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai smjunten (Mareca)
soarte
Mareca strepera
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De eastein of ropein (Mareca strepera) is in fûgel út it skaai fan de smjunten. De fûgels út dit skaai hawwe in skoft yndield west by de gewoane Einen. De eastein is dêrom ek wol te finen ûnder de namme Anas strepera. It skaai Mareca is lykwols op 'e nij ynfierd.

De eastein wurdt yn it Frysk ek wol oantsjut mei: easterske ein, griet, gryffûgel, grypfûgel as ropein.

De eastein is mei in grutte fan 43-51 sm krekt in slachje lytser as de Wylde Ein. De fûgels wage tusken de 500-1300 gram en hawwe in wjukspanwiidte fan 95 sm. Oars as de measte einen is it mantsje net opfallend. Dúdlike kenmerken binne syn swarte snaffel en syn swarte sturt en kont. Fierder binne de fûgels, foaral yn de flecht wer te kennen oan harren opfallende swart-wite wjukspegel.

De eastein komt yn East- en Midden-Jeropa foar, en ek yn Aazje en Noard-Amearika. Hy komt meast foar by grutte ûndjippe marren yn it steppe- en prairy-gebiet. Eartiids kaam der yn Jeropa meast yn it easten foar, mar de lêste tiid wurdt it gebiet útwreide nei it westen en it noarden. It is in echte trekfûgel dy by winterdei nei it suden lûkt.

De eastein yt eins allinich plantaardich. Hy yt meast wetterplanten dy hy op de kop swimmend ûnder wetter plukt. By útsondering yt er ek wolris in pear wetterynsekten of lytse fiskjes.

Aaien fan 'e eastein.

De eastein briedt fan maaie oant july. Hy makket in nêst op de grûn, meast oan de wetterkant in de tichte begroeiïng. It wyfke leit 8-12 giele aaien, dy troch harsels yn 24-26 dagen útbret wurde. De jongen ferlitte it nêst fuortendalik en kinne nei 7 wiken fleane.