[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

De Komelker (Terherne)

Ut Wikipedy

De Komelker is it 'flaggeskip' fan it doarp Terherne. De boerepream wurdt brûkt foar ploechjesilen en is troch de gemeente Utingeradiel yn brûklien jûn oan de VVV fan Terherne. De Komelker is neamd nei de komelker, in boer, mei in pear kij, dy't gjin eigen grûn hie, mar it gers en hea mei preammen fan stikken lân fier fan hûs helle. Der wennen eartiids in soad komelkers yn it wetterlân om Terherne dy't lân hienen oan de Terhernster- en Terkaplester Puollen en fierder.

Doe't preammen as ferfiermiddel yn ûnbrûk rekken, wienen der in soad fan oer. Sa gie it ek mei de eardere tûntsjepream fan Akkrum dy't brûkt waard foar ferfier fan de húsketûntsjes en dy't eigendom wie fan de gemeente Utingeradiel. Doe't hast alle huzen yn Akkrum op de riolearring oansluten wienen kaam de pream frij. It ûnderskip waard yn 1963 yn brûklien oerdien oan Pleatslik Belang en de VVV fan Terherne. De pream wie tarkleurich en wat yn ferfal. Alles moast der lykwols noch oansetten wurde: roer, swurd, mêst en túch. As oanpassing waarden de orizjinele ringen fan de pream ferfongen troch bolders. In soad Terhernsters stutsen der tiid yn. Troch Sjerp de Vries waard in mêst skonken, Westerdyk makke de seilen fan 48m² en de pream krige de autentike grize kleur fan de âlde boerepreammen werom, der kamen nije swurden, mar ek in motor yn. Oarspronklike seilen wienen der wol, mar dy waarden doe meastentiids as dekkleed brûkt.

Doopt mei Rivella

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op sneon 23 juny 1963 wie de pream klear. By in plechtichheid doopte boargemaster Anker de "showpream". Hjirby waard gjin sjampanje brûkt, mar Rivella. It earste tochtsje gie mei sa'n tritich man nei de Hynstewerp. Der siet mear gong yn as it selskip tocht hie en al gau moasten de gasten fan stjoerboard nei bakboard op it buiswetter te ûntrinnen. Op it lange elân oan de Terkaplester Poel stiene lange tafels en hjir waard fleurich iten en dronken en wie der in taspraak fan de boargemaster. It wie de bedoeling dat der wer in parte sylklasse fan in fiiftal of mear sylpreammen komme soe, sadat der wer krekt as froeger silerijen holden wure koene. Earste skippers wiene Terhernsters as âld-komelker Jouke de Vries en Tjeard van der Schouw dy't mei oare âld-komelkers en opstappers ploechjesylden en bygelyks nei it skûtsjesilen ta gie. Foar it komfort fan de gasten en de (âldere) bemanning wie der ek in motor sadat men net hoegde te kloetsjen of yn de beage bealgje. Ek moast der in tintseil komme, om by wiet waar ûnder te skûljen. Der waarden tagelyk filmopnames makke, foar de nije film oer Terherne (presintaasje 1964)

Kondysje fan de gemeente wie wol dat it gemeentebestjoer der ienris yn it jier mei sile mocht en dat de pream foar feestlike eveneminten ynsetten wurde soe.Dy tradysje is bleaun oant 1984. Doe kaam Boarnsterhim. Yn 1986 krige de pream in grutte beurt, wêrûnder nije spanten. Omdat de pream noch eigendom wie fan de gemeente woe Pleatslik Belang hjir net oan, mar troch boargemaster Holtrop waard De Komelker foar F1,- oerdien oan Pleatslik belang en de VVV. Skipper waard doe Auke Bijlsma, dy't ek op de Gerben van Maanen, it wedstriidskûtsje fan It Hearrenfean sylde. Troch ploechjesilen koe de pream fiif jier letter dochs restaurearre wurde enkoe der in goede motor oanskaft wurde. Wer fiif jier letter wie der jild foar in nij túch.

Lyts neidiel wie al dat De Komelker, dy't earder as gemeenteskip fergees troch de brêgen mocht, no brêgejild betelje moast. Trochdat de bemanning en de ûnderhâldsminsken út frijwilligers bestiet kinne ek lisplak, ûnderhâld en stallingskosten betelle wurde. Jild dat oerbliuwt giet nei Terhernster ferienings. Yn 2009 waard alles út de Komelker úthelle en op 'e nij der ynsetten. De Komelker kaam dêrnei yn de klassike skipshaven fan it doarp te lizzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: