[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

De Blesse

Ut Wikipedy
De Blesse
Mûne De Mars
Mûne De Mars
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 810 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 2,25 km², wêrfan:
- lân: 2,21 km²
- wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 364 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8397
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 51' N 6° 2' E
Lokaasje De Blesse (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje De Blesse (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
Side De Blesse-Pepergea
Kaart
De Blesse (Fryslân)
De Blesse

De Blesse is in doarp súdlik fan Wolvegea yn de gemeente Weststellingwerf        

It doarp hat 810 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Guon wolle der op oan dat de namme fan it rivierke Bles(se) komt, dat op syn bar de namme ûntliende oan Hugo van de Bles, dy't yn de 15e iuw op de pleats De Oude Bles tichteby De Eese wenne. Der binne ek guon dy't de namme yn ferbân bringe mei de betsjutting fan "plasse" of "sompe" .

De Blesse streamde út it Noardwâldskefean wei ûnder Finkegea en Steggerda lâns de râne fan it lângoed De Eese nei Knienebargen by De Blesse. It lêste part rûn bylâns de Ryksstrjitwei om op it lêst yn 'e Linde út te mûnjen. In part fan it âlde streamke waard eartiids útgroeven en bekend as de Blesser Feart.[3]

Herfoarme kapel

De Blesse is net in âld doarp. Foar de 19e iuw stienen dêr mar in pear pleatsen, dy't doe ûnder Blesdike en foar in part ûnder Pepergea foelen. Nei it oanlizzen fan de ryksstrjitwei (Stienwikerwei) fan Ljouwert nei Swol yn 1828 groeide de buorskip. Yn 1834 waard de nôtmûne De Mars boud en der waarden sels twaris yn 't jier kij- en hynstemerken holden, de iene op pinkstertiisdei en de twadde op de earste tiisdei fan oktober. Oan de eastkant fan de wei ûntstie in kearn, dy't letter De Blesse of Blessebuert neamd waard. Tsjerklik bleau it doarp ûnder it memmedoarp fallen, al krige it yn 1880 oan de Stienwikerwei wol in ienfâldige kapel.

Noardlik fan De Blesse hie steedhâlder Willem Loadewyk yn 1583 by de Linde de Blessebrêgeskâns as ûnderdiel fan de Fryske Wetterliny oanlein. Munsterske troepen fernielden dy skâns yn it rampjier 1672-1673. Yn de 17e iuw hie it rivierke de Linde allinnich mar in oerset, in brêge kaam der pas yn 1668. De skâns is nei argeologysk ûndersyk yn 'e jierren 2009-2010 rekonstruearre. Dêrby waard ek in diel fan de âlde, meänderjende Linde wer útgroeven.

Tinkstien

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard der by de brêge oer de Linde in pear kear swier fochten. By it bombardearjen fan de trein út It Hearrenfean troch in Britske jager op 6 maart 1944 ferstoar in frou yn 'e âldens fan 21 jier. By in oare alliearde loftoanfal op 7 april 1945 op in Dútske motorrider ferstoar letter ien fan de by dat bombardemint ferwûne jonges. Beide slachtoffers binne op it begraafplak fan Wolvegea begroeven. Ta neitins hat de Feriening Histoarje Weststellingwerf op 4 maaie 2005 in tinkstien by de tagong nei it Swarte Weike lein.[4]

Mei it jimmeroan drokker wurdende ferkear op de Stienwikerwei waard yn de jierren 1980 oan de eastlike kant fan it doarp parallel mei it spoar de autosneldyk A32 oanlein.

It multyfunksjonele sintrum fan De Blesse hjit 't Centrum. De Blesse en Pepergea dogge in soad mienskiplik. Sa ha de doarpen tegearre in doarpsferiening Pleatslik Belang De Blesse-Pepergea, dy't op 10 desimber 1864 oprjochte waard, en ek in mienskiplike feestkommisje en flagge. De fiertaal is meast Stellingwerfsk.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2009
Ynwenners 160 322 335 335 448 721 710 825
Jier 2015 2020
Ynwenners 786 800

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Blessebrêgeskâns

Boppewei, Domeinewei, Ikeleane, Ingelskesteech, Eskdoarnstrjitte, Franke Deddenstrjitte, Hagedoarnstrjitte, Kninebergen, Markewei, Master Baasstrjitte, Hagedoarnstrjitte, Nijstrjitte, Spoarleane, Stienwikerwei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Side Skiednis fan 'e Stellingwerven en Noardwest Oerisel
  4. Traces of War, oproppen 28 juny 2023

Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
· · Berjocht bewurkje