[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

David S. Stanley

Ut Wikipedy
David S. Stanley
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút David Sloane Stanley
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 juny 1828
berteplak Cedar Valley (Ohio)
stoarn 13 maart 1902
stjerplak Washington, D.C.
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18521892
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (1862-66)
befel IVe Korps
Am. 22e Ynfanteryrezjimint
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Yellowstone-ekspedysje
treffen(s) Twadde Slach by Corinth
Slach by Stones River
Atlanta-kampanje
Slach by Franklin
ûnderskiedings Medal of Honor 1893

David S. Stanley (folút: David Sloane Stanley; Cedar Valley (Ohio), 1 juny 1828Washington, D.C., 13 maart 1902) wie in Amerikaansk militêr dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch oan it westlik front opklom ta de rang fan generaal-majoar. Foar betoande moed yn 'e Slach by Franklin waard him letter de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Nei de Boargeroarloch tsjinne Stanley oan 'e Amerikaanske frontier, en joech er û.m. lieding oan 'e Yellowstone-ekspedysje fan 1873.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stanley waard yn 1828 berne yn in begoedige fermidden yn Cedar Valley, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de soan fan John Bratton Stanley (1799-1873) en dy syn frou Sarah Peterson (1807-1839). Syn mem kaam te ferstjerren doe't er alve jier wie. Syn heit wertroude neitiid, en Stanley hie trije jongere healbruorren en -susters: Leander F. Stanley (1844-1907) en de yn 'e widze ferstoarne twilling Martha E. Stanley en I.T. Stanley (1852-1853).

Yn 1852 studearre Stanley mei 24 jier ôf oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. Neitiid tsjinne er oan 'e Amerikaanske frontier, dêr't er lânmjitters eskortearre dy't nei gaadlike rûtes foar de oanlis fan it spoar sochten en syn earste gefjochtsûnderfining opdie yn skermutselings mei de Yndianen. Yn maart 1861, koart foar it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, waard er befoardere ta de rang fan kaptein.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it útbrekken fan 'e boargeroarloch wie Stanley stasjonearre yn Fort Washita, yn it westen fan it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), dat doe ûnder de ynfloedssfear fan 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika foel. Dêrop late Stanley alle Noardlik-gesinde soldaten fan it garnizoen nei Fort Leavenworth ta, yn Kansas. Oan 'e ein fan 'e simmer waard er ynset by ferskate fjildslaggen yn Missoury, wêrûnder de Slach by Wilson's Creek, dêr't er de Noardlike bagaazjetrein beskermje moast. Hy klom al gau op troch de rangen en waard yn maart 1862 beneamd ta brigadegeneraal.

Stanley focht de hiele Boargeroarloch troch oan it Westfront, dêr't er belutsen wie by de operaasjes tsjin New Madrid en dielnaam oan ferskate fjildslaggen, lykas de Slach om Eilân Nûmer Tsien, de Twadde Slach by Corinth (wêryn't er it befel fierde oer in ynfanterydifyzje fan it Leger fan de Mississippy) en de Slach by Stones River (wêryn't er de kavalery fan it Leger fan de Cumberland oanfierde). Op 11 maart 1863 waard Stanley mei weromwurkjende krêft fanôf 29 novimber 1862 oansteld as generaal-majoar. Neitiid late er de Noardlike kavalery yn 'e Tullahoma-kampanje. Ein 1863 rekke er siik, en sadwaande miste er de Slach by Chickamauga.

Yn 1864 focht Stanley as kommandant fan in difyzje fan it IVe Korps fan it Leger fan de Cumberland yn 'e Atlanta-kampanje ûnder generaal William Tecumseh Sherman. Nei't de befelfierder fan it IVe Korps, generaal-majoar Oliver O. Howard, oansteld wie as kommandant fan it Leger fan de Tennessee, krige Stanley it befel oer it IVe Korps taparte. Nei de fal fan Atlanta naam Stanley net diel oan Shermans Mars nei de See, mar waard er ynstee mei syn legerkorps weromstjoerd nei Tennessee, om dy steat te beskermjen tsjin 'e ynfal troch it Súdlike Leger fan Tennessee ûnder generaal John Bell Hood.

Op 30 novimber 1864 spile Stanley dêrby in krúsjale rol yn 'e Slach by Franklin. Om't twa fan 'e difyzjes fan it IVe Korps tafoege wiene oan 'e linys fan it XXIIIe Korps, hied er by dat treffen feitliks gjin kommando, mei't de iennichste oerbleaune difyzje ûnder befel stie fan 'e difyzjekommandant, brigadegeneraal George D. Wagner. Doe't lykwols twa fan 'e trije brigades fan dy difyzjes beswieken ûnder de oanfal fan 'e Súdliken, fierde Stanley persoanlik de tsjinoanfal troch de 3e Brigade fan Wagner syn difyzje oan, dêr't er de Súdlike stoarmrin mei tsjinkearde. Dêrby rekke er ferwûne oan 'e hals en waard syn hynder ûnder him weisketten. Generaal-majoar Jacob Dolson Cox, dy't it befel hie oer de Noardlike ferdigening, joech him in oar hynder sadat er nei in fjildhospitaal ta koe, en Stanley naam fierders gjin diel mear oan 'e slach. Pas nei de Slach by Nashville kearde er yn aktive tsjinst werom. Op 29 maart 1893 waard Stanley foar syn rol yn 'e Slach by Franklin de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding.

Lettere tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Amerikaanske Boargeroarloch yn 1865 einige wie yn in oerwinning foar it Noarden, waard Stanley yn rang weromset ta kolonel, om't der doe troch de ôfslanking fan it Amerikaanske Leger yn fredestiid in oerskot oan ofsieren bestie. Yn 1866 waard er oansteld as kommandant fan it Amerikaanske 22e Ynfanteryrezjimint, wêrmei't er oant 1874 foar it meastepart yn 'e Dakota's tsjinne.

Yn 1873 fierde Stanley it befel oer de Yellowstone-ekspedysje, wêrby't in selskip lânmjitters ûnder beskerming fan it Amerikaanske Leger in gaadlike rûte foar it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad útsocht by de rivier de Yellowstone lâns, yn súdlik Montana. De wichtichste konfrontaasje mei de Lakota út dy ekspedysje, de Slach by Honsinger Bluff, wie Stanley net by belutsen; by dat treffen waarden de Amerikanen ynstee oanfierd troch syn ûnderbefelhawwer, luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Stanley syn geunstige beskriuwing fan it lânskip fan súdeastlik Montana hie neitiid grutte ynfloed op 'e kolonisaasje fan dat gebiet troch de blanken.

Yn 1879 waarden Stanley en it 22e Ynfanteryrezjimint yn Teksas legere om oerfallen troch de Yndianen yn it westlike part fan dy steat te ûnderdrukken. Yn 1882 waard er oerpleatst nei Santa Fe, yn Nij-Meksiko, dêr't er it befel krige oer it legerdistrikt fan Nij-Meksiko. Yn maart 1884 waard er befoardere ta brigadegeneraal mei it befel oer it militêre Departemint fan Teksas. Yn 1892 swaaide er mei 64 jier ôf út it leger en gie er mei pinsjoen.

Stanley wie troud mei in Anna Maria Wright (1830-1895), mei wa't er fiif bern krige: Josephine Stanley Holbrook (1860-1927), Sarah Eliza Stanley Rumbough (1861-1952), Anna Huntington Stanley Holbrook (1864-1907), Blanche H. Stanley (1871-1951) en David Sheridan Stanley (1873-1942). Syn dochter Anna krige letter bekendheid as ympresjonistysk keunstneresse. Har man, Stanley syn skoansoan, Willard Ames Holbrook, wie in generaal-majoar yn it Amerikaanske Leger. Stanley syn soan David en fiif fan syn pakesizzers (ynkl. Willard Ames Holbrook jr.) studearren krekt as him ôf oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. Soan David Sheridan Stanley wie fierders de oprjochter fan 'e Army Navy Country Club yn Arlington (Firginia).

David S. Stanley kaam op 13 maart 1902 te ferstjerren yn it Amerikaansk Tehûs foar Ald-soldaten yn 'e federale haadstêd Washington, D.C. Hy waard 84 jier âld, en waard begroeven op it begraafplak fan it tehûs.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.