[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Düsseldorf

Ut Wikipedy
Düsseldorf
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Stedsyndieling 10 stedsdistrikten mei 50 stedsdielen
Sifers
Ynwennertal 629.047 (2022)
Oerflak 217,41 km²
Befolkingsticht. 2.893 ynw./km²
Hichte 38 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 40210-40629
Koördinaten 51° 13' N 06° 46' E
Offisjele webside
www.duesseldorf.de
Kaart
Düsseldorf (Noardryn-Westfalen)
Düsseldorf

Düsseldorf is de haadstêd fan 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit súdlik fan it Ruhrgebiet. It grutste part fan 'e stêd leit eastlik fan 'e Ryn op it plak dêr de Düssel yn 'e Ryn mûnet.

De stêd is de op ien nei grutste stêd fan Noardryn-Westfalen. Flughafen Düsseldorf International is ien fan 'e grutste lofthavens fan it lân. Der is in grut ferskaat oan yndustry, lykas gemy, masinebou, elektroanika, telekommuniskaasje en fiedselproduksje.

Dêrnjonken is Düsseldorf ek in wichtige keunststêd mei grutte keunstsamlings en ferskillende musea. It hat ien fan 'e meast ferneamde keunstakadeemjes fan Europa, de Kunstakademie Düsseldorf.

Haus Bürgel ûnderdiel fan 'e Limes.

Om 50 nei Kristus hinne waard it gebiet lofts fan 'e Ryn troch Romeinen beset. De oarspronklike bewenners rjochts fan 'e Ryn wiene de Eburoanen, mar dy waarden nei in militêr treffen ferdreaun fan harren wenstee en om 'e grinzen feilich te stellen stienen de Romeinen dêr ynearsten gjin nije delsettings mear ta. Sûnt 100 nei Kristus mochten Tenktearen harren dêr nei wenjen sette, om't hja foar de Romeinen gjin gefaar opleveren. Sûnt healwei de 3e iuw naam de ûnrêst wer ta en moasten de delsettings yn it stedsgebiet rjochts fan 'e Ryn wer opbrutsen wurde. Op 'e nij wie it in gebiet dêr't gjin bewenning tastien waard. Yn 'e 4e iuw bestie súd fan it stedsgebiet in Romeinsk fort, dat doe lykwols noch lofts fan 'e Ryn stie, it saneamde Haus Bürgel.

De lêst dokumintearre ynformaasje út de Romeinske tiid foar it stedsgebiet fan it hjoeddeiske Düsseldorf datearret fan it jier 388. Op dat stuit foelen de Franken it lofts fan 'e Ryn lizzende Galje oan. Op 'e weromtocht waarden de Franken troch de Romeinske generaals Nanninus en Quintinus ferslein. In diel fan it Romeinke leger ûnder Quintinus waard lykwols by de efterfolging nei it oerstekken fan 'e Ryn by Neuss yn 'e sompige bosken rjochts fan 'e Ryn ferneatige.

Dêrnei is der foar in skoft net in soad ynformaasje, mar sûnt healwei de 5e iuw bewize grêffjilden dat der oan beide kanten fan 'e Ryn yn it hjoeddeiske stedsgebiet Frankyske boeren en fiskers wennen. Polityk hearde it gebiet om Düsseldorf oarspronklik ta it keninkryk fan Lotharius I, it Middenryk. Tsjin 'e ein fan it earste millenium hearde Düsseldorf lykwols defintyf by it East-Frankrykske Ryk.

Iere plakken yn Düsseldorf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende plakken yn it hjoeddeiske stedsgebiet fan Düsseldorf binne âlder as de stêd sels.

Rekonstruksjetekening fan 'e Keizerpalts.

Yn 'e iere midsiuwen wie Kaiserswerth in fjouwer kilometer lang eilân (Werth) yn 'e Ryn dat in goed útsjoch op 'e rivier bea en ien fan 'e plakken dêr't de rivier oerstutsen wurde koe. Yn 'e Frankyske tiid ûnstie dêr in hôf, dat stadichoan in kastiel waard. Om 700 hinne skonk Pepyn II it eilân oan de Angelsaksyske misjonaris Switbert, om dêr in benediktynsk kleaster te stiftjen. Dat kleaster waard lykwols yn 770 troch Saksen en yn 880 troch Wytsings ferneatige. Yn 1045 waard op it eilân troch Hindrik III in keizerpalts stifte, dy't yn 1174 troch keizer Freark Barbarossa ferfongen waard troch in nije, machtiger keizerpalts. Yn 1181 waard Kaiserswerth in ryksstêd. Yn it ramt fan meardere belegerings tusken 1213 en 1215 lei greve Adolf III fan Berg in daam oan, dy't de ferlanning fan in earm yn 'e Ryn feroarsake, sadat it eilân oan it fêstelân kaam te lizzen. Sûnt 1273 stie it eilân ûnder ynfloed fan 'e Keulske aartsbiskoppen en oant 1424 bouden dy Kaiserswerth ta de sterkste fêsting fan Kar-Keulen út.

Yn 1702 yn 'e Spaanske Súksesjeoarloch (1702-1715) waarden de fêsting en de stêd slim skeind. De hast folslein ferneatige keizerpalts tsjinne sûnt as stiengroeve foar de weropbou fan 'e stêd en sa bleau der allinne in ruïne oer. Polityk en ekonomysk bleau Kaiserwerth neitiid sûnder betsjutting. Yn 1929 waard Kaiserwerth by de groeiende stêd Düsseldorf foege.

Gerresheim.

Yn it easten fan it hjoeddeiske stedsgebiet ûntstie yn 'e 9e iuw it frouljusstift fan Gerresheim. Gerresheim wie al hiel ier in tsjerklik en kultureel sintrum yn it Düsseldorfer stedsgebiet. Yn 919 waard it stift troch Hongaren fernield en de abdis en de nonnen flechten mei de reliken fan 'e patroanhillige nei Keulen. Yn 'e twadde helte fan 'e 10e iuw waard it stift wer opboud. Stadichoan ûnstie der in doarp mei in doarpsplein foar merken. It doarp krige yn 1368 fan 'e greven fan Berg de status fan stêd. Brannen en oarloggen makken dat de stêd sûnt de 17e iuw yn it neigean rekke. Mei de sekularisaasje waard it stift yn 1803 opheft en yn 1806 ôfbrutsen. Sûnt de yndustrialisaasje bloeide Gerresheim op 'e nij op, fral troch de stifting fan in glêsfabryk yn 1864. Yn 1909 waard Gerresheim by Düsseldorf yndield.

'Kastiel Angermund.

Hielendal yn it noardlike stedsgebiet leit it yn 1188 foar it earst neamde kastiel Angermund. De greven fan Berg krigen it kastiel yn 'e 12e iuw yn hannen, dat strategysk tusken de ryksstêden Duisburg en Kaiserwerth lei en tagelyk it noardlikste punt fan it Bergyske bewâld foarme. Under Engelbert fan Berg waard it kastiel sûnt 1216 fersterke, mar troch de opkomst fan 'e Bergyske stêden Ratingen (1276) en Düsseldorf (1288) ferlear it kastiel syn militêre betsjutting. It kastiel mei it doarpke bleau lykwols in bestjoerssintrum. Yn 1975 waard Angermund by Düsseldorf weryndield.

De âlde Sint-Martinustsjerk fan Bilk.

Bilk waard neffens de fynsten al yn 'e 6e of 7e iuw bewenne. Op in dokumint fan 14 febrewaris 799 wurdt dêr de villa Bilici neamd. De âlde Sint-Martinustsjerke datearret út it begjin fan 'e 8e iuw. Oant 1206 hearde de tsjerke yn it noardliker lizzende fiskersdoarp Dusseldorp (sa't Düsseldorf doe neamd waard) by de parochy Bilk.

Oare plakken yn it Düsseldorfer stedsgebiet, dy't earder neamd waarden as de stêd sels binne Kalkum (892), Himmelgeist (904), Hubbelrath (950), Benrath (1005), Westen (1050), Unterrath (1072) en Derendorf, Golzheim, Stockum en Hamm (1100).

Foarstelling fan 'e Slach by Worringen (1288)
Peter Janssen (1844–1908)

Nei de dea fan greve Engelbert II fan Berg kaam der in ein oan 'e tradisjoneel goede relaasjes tusken it Hûs Berg en it aartsbisdom Keulen. De erfopfolging foel ta oan hartoch Hindrik fan Limburch en nei de dea fan Walram V fan Limburch, in omke fan Adolf V fan Berg, dy't by it twadde Hûs Berg hearde, barste de Limbuger Suksesjestriid los. Hichtepunt fan dy strideraasjes wie op 5 juny 1288 de Slach by Worringen, dy't einige mei in oerwinning op de Keulske aartsbiskop Siegfried fan Westerburg, itjinge foar Adolf V fan Berg de wei frijmakke foar it ferlienen fan 'e stedsstatus oan Düsseldorf.

De skiednis fan Düsseldorf waard sûnt de ferheffing ta stêd yn 1288 iuwenlang sterk beynfloede troch it Hûs Berg en nei de dea fan 'e lêste manlike opfolger fan 'e famylje troch de rjochtsopfolgers.

Stedssegel fan Düsseldorf út 1303.

Doe't Düsseldorf in stêd waard wie it net folle mear as in doarp, dat mei ierden wâlen en grêften beskerme waard. Mei 3,8 hektare wie it stedsgebiet hast fiif fuotbalfjilden grut. Alhoewol't yn 2012 by de Lambertusstraße fûneminten fûn binne fan in iere stedsmuorre, wie in krekte datearing lestich. De muorre soe fuort nei de ferheffing ta stêd boud wêze kinne. De earste bekende boargemaster wie Wilhelm Rumpold yn 1303, sûnt 1358 wie der ek in stedsried, sadat der fanút gien wurdt dat oant dy tiid allinne skepenen de stêd bestjoerden.

Yn 1385 waard Düsseldorf de haadstêd en residinsje fan it hartochdom Berg. Yn 'e iuwen dêrnei waarden ferskillende monuminten boud, lykas de kollegiale Sint-Lambertustsjerke. Yn 1609 stoar de line Gulik-Berg-Kleef út en nei in bluodrige striid oer de opfolging foelen Gulik en Berg yn 'e hannen fan 'e greven fan Palts-Neuburg, dy't Düsseldorf ek ta residinsjestêd keazen, sels nei't hja de Palts yn 1685 erfden en karfoarsten waarden.

Düsseldorf yn 1647.

De groei fan Düsseldorf wie yndrukwekkend ûnder Jehan Willem fan 'e Palts (regear fan 1690 oant 1716), ek bekend as Jan Wellem. Under ynfloed fan syn frou Anna Maria Lovisa fan Medici stifte er in grutte keunstsamling, de Gemäldegalerie Düsseldorf, dy't bestie út in grutte kolleksje skilderijen en byldhouwurken.

Düsseldorf yn 1720.

Nei't Jan Wellem sûnder neiteam ferstoar briek der foar Düsseldorf in drege tiid út. Syn opfolger Karel Theodoar wie lykas Jan Wellem in oanhinger fan keunst en wittenskip. Yn 'e Sânjierrige Oarloch (1756-1763) wie de karfoarst mei de keizer ferbûn tsjin Prusen. Nei de Slach by Krefeld op 27 en 28 juny tusken Pruysysk-Hannoverske troepen en Frânske troepen teagen de Hannoverske oerwinners nei Düsseldorf, dêr't Frânske en Kar-Paltske troepen legere wiene. Nei besjittings namen de Hannoverske troepen de stêd fan 'e ferdigeners oer. Njonken hûzen waarden ek in soad kleasters en tsjerken fernield, ek al duorren de besjittings net hiel lang. De troepen waarden begjin augustus 1758 wer troch de Frânsen ferdreaun, dy't oant 1763 yn 'e stêd bleaune.

Sûnt 1777 wie Karel Theodoor ek karfoarst fan Beieren. Karel Theodoor befoardere de bou en ferbou fan in soad monuminten yn Kar-Palts en Beieren. Mar ek yn en om Düsseldorf waarden ûnder syn bewâld in soad projekten útfierd. Yn dy tiid wie Düsseldorf foar it meast noch in bestjoers- en tsjinstestêd mei mar beheinde ekonomyske aktiviteit. Fabriken, op wat lytsere produksjebedriuwkes foar sjippe, moster, jittik en printerijen nei, wiene der hast net en de haven yn 'e Ryn hie allinne betsjutting foar Düsseldorf sels om't de hannel oer de skipfeart noch altiten beheind waard troch in âlde Keulske stapelwet. Jan Wellem hie earder foar Düsseldorf al trijeris besocht in ein oan dy wet te meitsjen, mar jimmeroan om 'e nocht. Noch flak foar it útbrekken fan 'e Frânske Revolúsje hie de stêd yn 1784 en 1795 te lijen fan heechwetter. Yn 1785 besocht de karfoarst foar it lêst Düsseldorf en twa jier letter waard útein set mei de oanlis fan Carlstadt yn it súdeasten fan Düsseldorf.

De baarnende residinsje fan Düsseldorf troch de Frânske besjittings.

De Earste Koalyskeoarloch berikte yn 1794 ek Düsseldorf en it Kar-Paltske bestjoer yn Düsseldorf makke him op foar in militêr treffen mei Frânske troepen. Sa waarden de keunstwurken fan 'e Gemäldegalerie Düsseldorf foar de feiligens nei Osnabrück brocht. Ek al wie de karfoarst op dat stuit noch gjin partij yn it konflikt, Düsseldorf waard op 5 oktober 1794 fanôf de lofter kant fan 'e Ryn troch Frânsen ûnder fjoer nommen en yn 1795 besetten de Frânsen ek dielen rjochts fan 'e Ryn.

It Kongres fan Rastatt (1797-1799) bepaalde dat it hiele gebiet lofts fan 'e Ryn oan Frankryk ôfstien wurde moast. Dêrmei ferlear de nei Saksen flechte en yntusken sike karfoarst Karel Theodoar syn beide hartochdommen Kar-Palts en Gulik. Dat wie tagelyk it begjin fan 'e ein fan beide hartochdommen. Op 16 febrewaris 1799 ferstoar karfoarst Karel Theodoar sûnder eigen neiteam en in fier famyljelid, hartoch Maksimiliaan Joazef, folge him op 16 febrewaris 1799 op as karfoarst Maksimiliaan IV fan Beieren.

Nei de Frede fan Lunéville (1801) moasten de Frânsen it hartochdom Berg en sa ek Düsseldorf opjaan, dy't harren werom lutsen op 'e lofter kant fan 'e Ryn. Mar troch in gebietsútruil tusken Karpalts-Beieren, Prusen en Frankryk rekke de stêd yn 1806 op 'e nij ûnder Frânsk bestjoer. Noch foar de útruil hie karfoarst Maksimiliaan IV de wrâldferneamde keunstsamling, steatsbesit fan it hartochdom Gulik-Berg, ferwidere en by it Beierske keunstbesit foege, dêr't it hjoed-de-dei yn München ûnderdiel foarmet fan 'e Alte Pinakothek. Düsseldorf waard de haadstêd fan it Gruthartochdom Berg (1806-1813) en wie no los fan it Hillige Roomske Ryk as in soevereine steat mei Frankryk ferbûn. Dy sitewaasje bleau feitlik oant 1813 bestean. Yn 1815 kaam it hartochdom mei Düsseldorf oan Prusen. Mei de kreaasje fan 'e Rynprovinsje waard Düsseldorf yn 'e rin fan 'e tiid it bestjoerssintrum fan ferskillende bestjoerslagen.

Düsseldorf healwei de 19e iuw/

Sûnt de ferfanging fan 'e Keulske stapelwet troch de Mainzwet yn 1831 koe Düsseldorf him better ûntwikkelje. In frije haven (1831) en de oanlis fan ien fan 'e earste stikken spoar fan it lân (1838) makken fan Düsseldorf in sintrum fan yndustrialisaasje. Al tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw hearde Düsseldorf ta de grutte yndustrystêden fan it yn 1871 stifte Dútske Ryk. Yn it tiidrek fan 1880 oant 1900 ferdûbele it oantal ynwenners ta 215.000. Troch weryndielings waard de stêd ek yn it begjin fan 'e 20e iuw grutter en yn 1909 telde de stêd dêrtroch al 345.000 ynwenners.

Earste Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oanbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich trof de groeiende stêd hast folslein ûnferwachts. De yndustry moast oerskeakelje op oarlochsproduksje en Düsseldorf waard ien fan 'e grutste sintra fan 'e wapenyndustry yn it Dútske Ryk. De stêd feroare yn in befoarriedingssintrum en in plak dêr't ferwûne soldaten ferpleecht waarden. Yn 1915 wiene der 46.000 reservisten yn Düsseldorf stasjonearre en yn 1917 telde de stêd likernôch 8.000 sikehûsbêden. Troch de ekonomyske delgong sakke de oerslach yn 'e haven oant minder as 30% fan it nivo fan foar it útbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich en der wie brek oan fan alles, sadat der in soad minsken stoaren. Boppedat kamen mear as 10.000 soldaten nea werom fan it front. Fanwegen de honger brieken yn juny 1917 ûnder de bewenners protesten en plonderingen fan winkels út.

Dutske troepen yn Düsseldorf om de oarder yn 1919 te hanthavenjen.

Matroazen út Keulen brochten sûnt novimber 1918 de novimberrevolúsje nei Düsseldorf. Yn 1919 waarden grutte demonstraasjes en stakings organisearre. De ûnrêst soarge foar fûle konfrontaasjes tusken marksisten en sosjalisten oan 'e iene kant en reaksjonêre krêften oan 'e oare kant. Oant 1933 soe Düsseldorf foar it grutste part in reade stêd yn Prusen mei in sterke arbeidersbeweging bliuwe.

Op 8 maart 1921 besetten Frânske en Belgyske troepen Düsseldorf en oare stêden yn it Ruhrgebiet omreden dat it regear net yn steat wie om de 269 miljard goudmarken as reparaasjefergoeding út it Ferdrach fan Versailles te beteljen. Mei't it Dawesplan op 1 septimber 2025 oannommen waard, kaam der ek in ein oan 'e besetting fan it Ruhrgebiet.

Under grut ynternasjonaal omtinken fan 'e parse begûn op 13 april 1931 yn Düsseldorf it strafproses tsjin ien fan 'e spektakulêrste delikten fan 'e Weimar Republyk. De searjemoardner Peter Kürten, ek bekend as de 'fampier fan Düsseldorf' fanwegen syn foarleafde foar bloed, moast foar it rjocht komme. Hy waard op 21 april 1931 skuldich ferklearre oan 'e moard op in grut tal slachtoffers en ta de dea feroardiele, dy't op 2 july yn Keulen útfierd waard. Yn Dútslân feroarsake it proses op 'e nij in debat oer de deastraf. It ynspirearre de regisseur Fritz Lang yn 1931 ta it meitsjen fan 'e spylfilm M – Eine Stadt sucht einen Mörder.

Nasjonaalsosjalisme en Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1937 waard as ûnderdiel fan 'e aksje Entartete Kunst wurken út keunstkolleksje fan 'e stêd ferwidere en ferneatige. Op 10 novimber 1938 baarnden by de pogroms tsjin joaden de synagoges oan 'e Kasernenstrasse en yn Benrath. De hiele joadske befolking waard ferfolge en teminsten 18 minsken waarden fermoarde. De deportaasje fan hast 6.000 joaden út it hiele Regierungsbezirk waard yn gong set en op 27 oktober 1941 reizge de earste trein mei 1.003 joaden út Düsseldorf en de Nederryn fan it stasjon Derendorf nei Dútske konsintraasjekampen yn it besette Poalen. Goed 2.200 Düsseldorfer joaden waarden fermoarde. Yn 1944 libben tsientûzenen bûtenlânske arbeiders en kriichsfinzenen yn 'e hûnderten kampen fan Düsseldorf om twangarbeid te dwaan.

Düsseldorf nei it bombardemintl fan 23 septimber 1944.

De earste bommen foelen al yn 1940 op Düsseldorf. Oant 1945 ferstoaren mear as 5.000 minsken troch de bombardeminten. Hast de helte fan alle gebouwen waard ferneatige en om 90% rekke skansearre. Alle brêgen, de measte strjitten, de diken tsjin it heechwetter en oare ynfrastruktuer fan 'e stêd wiene foar it measte fernield. Sûnt 28 febrewaris 1945 wie Düsseldorf in frontstêd, dy't fanôf de lofter kant fan 'e Ryn sân wiken lang ûnder Amerikaansk fjoer holden waard oant op 17 april 1945 de Amerikanen de stêd sûnder grutte striid ynnamen. Op dat stuit wenne noch mar de helte fan 'e ynwenners yn 'e teheistere stêd.

Heechbou út de jierren 1950.

Tsjin 'e ein fan 1945 wennen der al wer 394.765 yn Düsseldorf. Troch de sintrale lokaasje en it bestean fan noch yntakte bestjoersgebouwen waard Düsseldorf as fanâlds wer in polityk sintrum. Troch wenningneedprogramma's waarden yn 1947 al likernôch 70.000 hûzen ter beskikking steld. Yn 1949, it jier fan 'e stifting fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân, wennen der wer likefolle minsken as foar de oarloch.

Oan it begjin fan 'e jierren 1950 begûn de systematyske weropbou en sûnt healwei de jierren 1950 ûntstie de earste heechbou.

Düsseldorfer distrikten.

It stedsgebiet fan Düsseldorf bestiet út tsien stedsdistrikten, dy't yn 49 wiken ûnder te ferdielen binne. ELts distrikt hat in eigen fertsjintwurdiging fan 19 leden, dy't by de gemeenteriedsferkiezings keazen wurden. De tsien stedsdistrikten mei de wiken binne:

  • Distrikt 1: Altstadt, Carlstadt, Derendorf, Golzheim, Pempelfort, Stadtmitte
  • Distrikt 2: Düsseltal, Flingern-Nord, Flingern-Süd
  • Distrikt 3: Bilk, Flehe, Friedrichstadt, Hafen, Hamm, Oberbilk, Unterbilk, Volmerswerth
  • Distrikt 4: Heerdt, Lörick, Niederkassel, Oberkassel
  • Distrikt 5: Angermund, Kaiserswerth, Kalkum, Lohausen, Stockum, Wittlaer
  • Distrikt 6: Lichtenbroich, Mörsenbroich, Rath, Unterrath
  • Distrikt 7: Gerresheim, Grafenberg, Hubbelrath, Ludenberg
  • Distrikt 8: Eller, Lierenfeld, Unterbach, Vennhausen
  • Distrikt 9: Benrath, Hassels, Himmelgeist, Holthausen, Itter, Reisholz, Urdenbach, Wersten
  • Distrikt 10: Garath, Hellerhof
Düsseldorf Airport.

Düsseldorf is ien fan 'e Dútske stêden mei de heechste ekonomyske produktiviteit. Njonken de sintrale lokaasje is dat ek te tankjen oan 'e lofthaven Düsseldorf International en de Messe Düsseldorf mei wichtige beurzen. De stêd is in sintrum foar reklame, Europeeske patinten, telekommunikaasje en bedriuwsadvisearing. Ek is Düsseldorf de stêd fan 'e moade mei alle jierren de grutste moadebeurs fan 'e wrâld. Njonken Frankfurt is Düsseldorf boppedat in finansjeel sintrum. In soad ynternasjonale bedriuwen hawwe yn Düsseldorf harren haadkantoar.

De stêd is ryk oan teäters en musea en hat altiten in wichtich sintrum west foar de keunst. Karfoarst Jehan Willem fan 'e Palts stifte in keunstgalerij mei wurken fan û.o. Rubens, dy't hjoed-de-dei de basis foarmje fan 'e Alte Pinakothek yn München. Yn'e 19e iuw hie de Düsseldorfer Malerschule (Oswald Achenbach) grutte ynfloed op 'e skilderkeunst. Nei de Twadde Wrâldkriich sette Joseph Beuys syn stimpel op 'e keunstwrâld yn Düsseldorf. Oant hjoed-de-dei binne der yn Düsseldorf belangrike keunstners aktyf.

Königsallee.

Fan 'e histoaryske binnenstêd binne net in soad âlde monuminten mear te finen. Dêrfoar moat de besiker mear bûten de Altstadt sjen, lykas yn Gerresheim en Kaiserswerth.

Ien fan Dútslân's drokste winkelstrjitten is de Schadowstraße. Bekender fanwegen de eksklusive winkels is de Königsallee, koartwei ek die Kö. Karakteristyk foar de Königsallee is it kanaal mei oan wjerssiden monumintale beammen. Mei in breedte fan 87 meter is de Königsallee de breedste strjitte fan Dútslân.

Düsseldorf hat noch in grut tal monumintale tsjerken en ferskillende 17e, 18e of 19e-iuwske kastielen. Guon dêrfan binne lykwols âlder.

Rivaliteit mei Keulen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De folkloaristyske striid tusken Düsseldorf en Keulen op Rosenmontag yn Düsseldorf

Der wurdt faak sein dat der sûnt de Slach by Worringen (1288) in soarte fan fijânskip bestiet tusken de ynwenners fan Keulen en Düsseldorf, mar dat is histoarysk net wier om't de ynwenners fan Düsseldorf doe oan 'e kant fan Keulen meifochten.

De rivaliteit tusken de twa stêden sette pas tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw yn, doe't Düsseldorf troch de yndustrialisaasje hiel hurd begûn te groeien. Hjoed-de-dei hat de rivaliteit tusken de stêden in mear folkloaristysk karakter, dy't fral ek yn 'e karnavalstiid utere wurdt.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Geschichte der Stadt Düsseldorf en de:Düsseldorf


Noardryn-Westfalen Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise

Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte

Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal

· · Berjocht bewurkje