[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Guozzeroer

Ut Wikipedy
Jager mei in roer.
Yllustraasje yn Science and Mechanics magazine, oktober 1911
Ingelskman mei in guozzeroer

In eineroer, guozzeroer (Nederlânsk:eendenroer, vletbuks) is in ûnbidich grut hagelgewear út de 19e iuw, ûntwurpen om op wetterfûgels te jeijen. De gewearen ferskilden yn grutte. De grutsten binne langer as 4 meter, hawwe in kaliber fan mear as 5 sm en kinne yn ien kear sa'n oardel kilo hagel fersjitte[1], dat der koe yn ien skot in grut tal fûgels sketten wurde. In goed skot levere de jager 20 oant 30 fûgels op. Guozzeroeren fan dy grutte waarden op 'e wâl laden en dan meinaam yn in boatsje. Lytsere roeren waarden gewoan skoudere.

Yn oarlochstiid waarden guozzeroeren somstiids troch skerpskutters brûkt. Dan waarden se mei in kûgel laden.[2]

Yn de Fogelsanghstate is in guozzeroer te besjen.

'It guozzeroer' is de titel fan it lêste boek fan Rink van der Velde.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) The British Association for Shooting and Conservation. 9 oktober 2001. "Irish Tom historic punt gun to be put on permanent display".
  2. Legermuseum.nl