Griet Op de Beeck
Griet Op de Beeck | ||
skriuwer | ||
Griet Op de Beeck, 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Belgysk | |
berne | 22 augustus 1973 | |
berteplak | Turnhout | |
etnisiteit | Flaamsk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Roman, kollumn, senario | |
offisjele webside | ||
http://www.grietopdebeeck.be |
Griet Op de Beeck (Turnhout, 22 augustus 1973) is in Flaamsk skriuwster en kollumniste.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1994 oat 2004 wurke Griet Op de Beeck as dramaturch yn it teäter (ûnder mear yn Monty, foar Compagnie De Koe, Brugge 2002, Kulturele Haadstêd fan Jeropa en Het Toneelhuis). Doe't Luk Perceval, artistyk lieder fan Het Toneelhuis, nei Dútslân ferfear, waard se sjoernaliste. Fan 2004 oant 2008 wurke se foar HUMO.[1] Sûnt 2008 skriuwt hja foar de krante De Morgen: se makke grutte ynterviews foar Zeno, M en it Magazine; sûnt novimber 2013 skriuwt se allinne noch on kollumn yn de sneonskrante oet wat har yn de ôfrûne wike it meast rekke hat.
Skriuwster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de Beeck debutearre op 31 jannewaris 2013 mei Vele hemels boven de zevende.[2] De roman giet oer fiif ferskillende besibbe minsken, dy't oerein besykje te bliuwen yn dit lestige en prachtige libben.
In pear dagen nei it ferskinen fan har debútroman stie Griet Op de Beeck al op de planken fan Saint Amour – Omtrent Hugo Claus as ‘promininte passant’. Juny 2013 waard bekend dat de roman ferfilme wurde sil troch regisseur Jan Matthys. Op de Beeck sels skriuwt it senario foar him. Yn septimber 2013 waard Vele hemels boven de zevende nominearre foar de AKO Literatuerpriis.[3] De roman wûn yn oktober 2013 de Bronzen Uil Publieksprijs 2013. Yn 2014 folge kaam se noch yn de beneaming foar de Akademika Literatuerpriis.
Op de Beeck har twadde roman Kom hier dat ik u kus ferskynde ein septimber 2014. Kom hier dat ik u kus is in roman oer Mona, as bern, mei 24 jier en as 35-jierrige. It is in roman oer skeinde minsken dy't oaren ek skeine mar dat werklik net wolle. In jier nei de publikaasje waarden al goed 200.000 stiks fan ferkocht. De filmrjochten foar dat boek waarden oan Bastide Films ferkocht; Niels van Koevorden en Sabine Lubbe Bakker sille de roman ferfilmje.
Yn febrewaris 2016 ferskynde har roman, Gij nu. It is in roman oer iensumens, flechtsjen en ûntkommen.
Griet Op de Beeck arbeidet op it stuit (2017) oan it senario fan Vele hemels, de ferfilming fan it boek troch Jan Matthys. Njonken dat hat se in teätertekst skreaun foar voor Alexandra Broeder oer Mona, nei oanlieding fan it boek Kom hier dat ik u kus, spile troch in famke fan alve jier. Op de Beeck makket alle sneonen in kollumn yn it deiblêd De Morgen.
Se is de auteur fan it Boekewikepresint 2018, Gezien de feiten, fan de CPNB. Mei't Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa wie, ferskynde it boek ek yn it Frysk ûnder de titel Mei it each op de feiten. Jetske Bilker sette it boek oer.
Yn septimber 2019 ferskynde de roman Let op mijn woorden, nei Het beste wat we hebben it twadde diel fan in trilogy. It boek is gjin ferfolch op it earste diel, mar yn it tredde diel dat noch ferskine moat sille de personaazjes út diel 1 en 2 elkoar kruse.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Vele hemels boven de zevende. Prometheus, Amsterdam 2014
- Kom hier dat ik u kus. Prometheus, Amsterdam 2014
- Gij nu. Prometheus, Amsterdam 2016.
- Het beste wat we hebben, 2017
- Boekewikepresint, Gezien de feiten, 2018
- Let op mijn woorden (roman), 2019
- Lou, 2019, B for Books, Maartensdijk, ISBN 978 90 851 6661 0
- Jij mag alles zijn, 2021, Prometheus, Amsterdam, ISBN 978 90 446 4919 2
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|