[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Grutte eksterspjocht

Ut Wikipedy
grutte eksterspjocht
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai grutte eksterspjochten (Dendrocopos)
soarte
Dendrocopos major
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De grutte eksterspjocht (Dendrocopos major) is in fûgel út de famylje fan spjochten. De 23-26 sm grutte fûgel is fierhinne swart mei wyt. De búk is wyt mei in reade ûnderein. De sturt en flerken binne meast swart mei wite plakken. It mantsje is fan it wyfke te ûnderskieden troch syn reade nekke; by it wyfke rint it swart fan de foarholle oer de nekke troch oant de flerken.

De grutte eksterspjocht komt yn hiel Jeropa en Noard-Aazje foar. Hy bewennet sawol leaf- as nuddelbosken. Winterdeis lit hy him ek wol by minsken yn de tún op de foerplanke sjen, tusken de miezen en klysters.

De grutte eksterspjocht is in hoalebrieder. It mantsje hakket elts jier in nij hol út yn in beam. De beide âlden briede sa'n 12-13 dagen op de meast 6 wite aaien.

De grutte eksterspjocht siket syn iten ûnder de bast fan de beammen. Hy yt benammen ynsekten, en larven fan ynsekten. By it itensykjen sirkelt er by de beamstam omheech; ûnderwilens hakket er stikken fan de bast ôf, of siket er yn de kieren. De ynsekten hellet er mei syn tonge mei wjerangels út de beam.

Aai fan 'e grutte eksterspjocht.