[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Gjalt de Groot

Ut Wikipedy

Gjalt de Groot (Readtsjerk, 20 febrewaris 1945) is in Frysk skriuwer.

Gjalt de Groot waard berne yn in boerehúshâlding yn Readstjerk. Nei in jier ULO gie er nei de legere en de middelbere lânbouskoalle, dêrnei buorke er seis jier op de pleats fan syn heit. Dêrnei begûn er wer te learen, hy folge de oplieding ‘dierveredeling middelbaar kader’ yn Almelo. Hy wurke by de foarljochtingstsjinst foar de mengfoerfabrikaazje en ek as bargeboer yn Holwert. Ek hat er bestjoerlik aktyf west, sa hat er in skoftke foarsitter west fan it BFVW. Nei't er ophâlden wie mei it buorkjen waard er poldermûnder en greidefûgelbeskermer, en hâldt er him dwaande mei skriuwen, fiskjen, ielrikjen en einekoerflechtsjen.

Gjalt de Groot is yn 2006 begûn mei it skriuwen doe't er seis wiken ferbleau yn de skriuwersarke fan Rink van der Velde op De Feanhoop. Yn de maitiid fan 2009 ferskynde syn debút: De jonge aaisiker fan Luctor et emergo, hy beskriuwt dêryn syn grutte leafde foar it ljipaaisykjen. Yn it boek leit er ûnder oare út dat aaisykjen hiel wat oars is as it ‘rapen van eieren’, en dat aaisykjen alles te meitsjen hat mei histoarysk besef en leafde foar de natoer. Yn it boek wurde bytiden tige detaillearre beskriuwings jûn. In jier letter kaam it twadde boek út, dat de titel It swetshok hat. Dat wie in plak dêr’t samar smoute ferhalen opkamen, in part dêrfan waarden bondele yn it boek. Wer in jier letter, yn 2011, ferskynde syn tredde boek: De aaisiker.

Yn augustus 2012 ferskynde it fjirde boek fan De Groot: It lêste aai. Yn datselde jier ferskynde der in twadde printinge fan it earst boek fan de hân fan De Groot, De jonge aaisiker fan Luctor et emergo.

Septimber 2013 sil it fyfde boek fan De Groot útkomme: No moatst hearre!

  • 2009: De jonge aaisiker fan Luctor et emergo (2e pr. 2012)
  • 2010: It swetshok (2e pr. 2013)
  • 2011: De aaisiker
  • 2012: It lêste aai

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: