[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Giovanni Battista Tiepolo

Ut Wikipedy
Giovanni Battista Tiepolo
persoanlike bysûnderheden
echte namme Giovanni Battista Tiepolo
nasjonaliteit Italjaansk
berne 5 maart 1696
berteplak Feneesje
stoarn 27 maart 1770
stjerplak Madrid
wurkpaad
berop/amt Keunstskilder

Giovanni Battista Tiepolo, ek: Giambattista Tiepolo (berne op 5 maart 1696 yn Feneesje, ferstoarn op 27 maart 1770 yn Madrid ) wie in Italjaansk keunstskilder.

Tiepolo wie in learling fan Gregorio Lazzarini en wurke yn 1717 as in ûnôfhinklik keunster yn Feneesje, dêr't er tsjerken en paleizen mei syn wurk dekorearre.

Yn 1721 troude er Maria Cecilia Guardi, de suster fan de Feneesjaanske skilders Francesco Guardi en Giovanni Antonio Guardi, by wa't er tsien bern krige. Teminsten twa fan syn bern holpen him yn it wurk.

Tiepolo waard ynspirearre troch Sebastiano Ricci en Giovanni Battista Piazzetta, mar benammen troch it wurk fan Paolo Veronese te bestudearjen. Troch de ynfloed fan Veronese sette er útein mei in hiel nij wurk fan grut opsette foarstellings en allegoriën dy't er skildere yn tsjerken en paleizen. Ynstee fan in soad donker skaad en sterke kleuren begûn er yn sêft grize en blauwe kleuren te skilderjen.

Tusken 1750 en 1753 fierde Tiepolo ien fan syn grutte wurken út, nammentlik it oanbringen fan fresko's yn de biskoplike residinsje fan Würzburg, dêr't er holpen waard troch syn soannen Giovanni Domenico en Lorenzo. De monumintale fresko's mei harren heldere kleuren makken fan Tiepolo in ferneamd man. Hy krige opdrachten fan de keninklike hôven fan [[Frankryk], Ingelân en Ruslân.

De lêste tiid fan syn libben wurke Tiepolo yn Spanje, û.o. foar it hôf.

Op 27 maart 1770 ferstoar de keunstskiler yn Madrid.

Skilderijen foar 1740

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme fan it wurk Datum Tsjintwurdige lokaasje Keppeling nei ôfbyld
It Marlerskip fan Sint-Bartoloméus 1722 Chiesa di San Stae, Feneesje
The Gloarje fan Sint-Dominikus 1723 Gallerie dell'Accademia, Feneesje
De Ferkrachting fan Europa ± 1725 Gallerie dell'Accademia, Feneesje [1]
Allegory fan de Macht fan de Rederikens ± 1725 Courtauld Gallery, Modello foar Palazzo Sandi, Feneesje [2]
Fresko's 1726 Biskoplik Paleis, Udine
Ca' Dolfin Tiepolos 1726–1729 Metropolitan Museum of Art, New York; Hermitage, Sint-Petersburch; Kunsthistorisches Museum, Wenen
Perseus en Andromeda 1730 Frick Collection, New York [3]
Underrjocht fan de Jongfaam 1732 Santa Maria della Consolazione, Feneesje
Ingel dy't Hagar rêdt 1732 Scuola di San Rocco, Feneesje [4]
Preekjende Jehannes de Doper 1732–1733 Cappella Colleoni, Bergamo [5]
Unthalzing fan Jehannes de Doper 1732–1733 Cappella Colleoni, Bergamo [6]
Gesel fan de Slangen 1732–1735 Gallerie dell'Accademia, Feneesje [7]]
Joazef kriget ring fan Farao 1732–1735 Dulwich Picture Gallery, Dulwich, Londen [8]
Triomf fan Zephyr en Flora 1734–1735 Museo del Settecento Veneziano, Ca' Rezzonico, Feneesje [9]
Jupiter en Danaë 1736 Universitet Konsthistoriska Institutionen, Stokholm [10]
De Fynst fan Moazes 1736–1738 National Gallery of Scotland, Edinburgh [11]
Oanbidding Trije-ienheid troch Paus Klementius 1737–1738 Alte Pinakothek, München [12]
Sint-Augustinus, Sint-Loadewyk fan Frankryk, Sint-Jehannes de Evangelist en in biskop 1737–1738 Palais des Beaux-Arts, Lille [13]
Ynstelling fan de Roazekrâns 1737–1739 Chiesa dei Gesuati, Feneesje [14]
Kristus draacht it Krús 1737–1738 Chiesa di Sant'Alvise, Feneesje [15]
De Madonna fan de Berch Karmel 1730s Pinacoteca di Brera, Milaan [16]
Jongfaam en seis Hilligen 1737–1740 Szépművészeti Múzeum, Bûdapest [17]
Skipio Afrikanus befrijdt Massiva tusken 1719 en 1721 The Walters Art Museum, Baltimore (Feriene Steaten fan Amearika) [18]

Skilderijen fan 1740 oant 1750

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme fan it wurk Datum Tsjintwurdige lokaaje Keppeling nei ôfbyld
Aleksander de Grutte en Campaspe yn it Atelier fan Apelles 1740 Getty Center, Los Angeles [19]
De Jongfaam foar Filippus Neri 1740 Museo Diocesano, Camerino [20]
It sammeljen fan Manna 1740–1742 Basilica San Lorenzo, Verolanuova [21]
It Offer fan Melchisedek 1740–1742 Basilica San Lorenzo, Verolanuova [22]
It finen fan Moazes 1740–1745 National Gallery of Victoria, Melbourne [23]
Rinaldo betovere troch Armida 1742 Art Institute of Chicago [24]
Rinaldo en Armida yn har tún 1742 Art Institute of Chicago [25]
Armida ferlitten troch Rinaldo 1742 Art Institute of Chicago [26]
Rinaldo en de Magiër fan Ascalon 1742 Art Institute of Chicago [27]
Triomf fan Deugd en Ealens oer Unkunde 1743 Norton Simon Museum, Pasadena, Kalifornje [28]
Ryk fan Flora 1743 Palace of the Legion of Honor, San Francisco [29]
Tiid bringt Wierheid oan it Ljocht ± 1743 Museum of Fine Arts, Boston [30]
It Banket fan Kleopatra 1743–1744 National Gallery of Victoria, Melbourne [31]
Oanbidders 1743–1745 Gallerie dell'Accademia, Feneesje
Apollo en Daphne 1755–1760 National Gallery of Art, Washington D.C. [32]
Untdekking fan it Wiere Krús ± 1745 Gallerie dell'Accademia, Feneesje
Fresko's oer Kleopatra 1746 Palazzo Labia, Feneesje
De Ferskining fan de Jongfaam foar trije froulike dominikaanke Hilligen 1739–1748 Chiesa dei Gesuati, Feneesje [33]
Lêste Kommuny fan Sint-Lucia 1747–1748 Chiesa dei Santi Apostoli, Feneesje [34]
It Banket fan Kleopatra en Antonius 1747–1750 National Gallery of Victoria, Melbourne [35]
De Ferhearliking fan de Famylje Barbaro 1749–1750 Metropolitan Museum of Art, New York [36]
De Oerwinning fan Sint-Jakobus op de Moaren 1749–1750 Szépművészeti Múzeum, Bûdapest [37]
Bacchus en Ariadne 1743–1745 National Gallery of Art, Washington D.C. [38]
Namme wurk Datum Tsjintwurdige lokaasje Keppeling nei ôfbyld
Fresko's 1751–1753 Residinsje, Würzburg [39] [40]
Sammeljen fan Manna ± 1751 Narodni muzej, Belgrado
Allegory fan Planeten en Kontininten 1752 Metropolitan Museum of Art, New York [41]
De Dea fan Hyacinthus 1752–1753 Museo Nacional Thyssen-Bornemisza, Madrid [42]
Oanbidding fan de Kenings 1753 Alte Pinakothek, München [43]
Kroaning fan de Jongfaam 1754 Kimbell Art Museum, Dallas [44]
De Oanstelling fan de Gonfaloniere Piero Soderini yn Florâns yn 1502 1754 Switserske Ambassade, Rome [45]
Allegory mei Fenus en Tiid 1754–1758 National Gallery, Londen [46]
Fresko's oer de romeinske mytology 1757 Villa Valmarana, Vicenza
Sittende Man en in jong Frommis mei in Wetterkrúk ± 1755 National Gallery, Londen
De Teologyske Deugden ± 1755 Koninklijke Musea voor Schone Kunsten van België, Brussel [47]
It Martlerskip fan Sint-Agata ± 1756} Staatliche Museen, Berlyn [48]
Allegory fan Fertsjinst tegearre mei Ealens en Deugd 1757–1758 Museo del Settecento Veneziano, Ca' Rezzonico, Feneesje [49]
Sint-Thekla bidt foar de Ferlossing fan Este fan de Pest 1759 Chiesa di Santa Tecla, Este (Itaalje) [50]
It Fizioen fan Sint-Anne 1759 Gemäldegalerie, Dresden [51]
Deugd en Ealens kroane Leafde 1759–1761 Museum of Fine Arts, Boston [52]
Modello foar de Apoteoaze fan de Famylje Pisani 1760 Musée des Beaux-Arts d'Angers, Angers
Madonna fan de Putter ± 1760 National Gallery of Art, Washington D.C. [53]
Frou mei in Pappegaai 1760–1761 Ashmolean Museum, Oxford [54]
Apoteoaze fan de Famylje Pisani 1761–1762 Villa Pisani (La Nazionale), Stra (Itaalje) [55]
Sint-Karel Borroméus 1767–1769 Cincinnati Art Museum, Cincinnati [56]
De ûnbeflekte Untfinzenis 1767–1769 Museo del Prado, Madrid [57]
Gloarje fan Spanje 1762–1766 Troanseal fan it keninklike paleis fan Madrid [58]
Apoteoaze fan de Spaanske Monargy 1762–1766 Palacio Real, Madrid [59]
Fenus en Fulkanus 1762–1766 Seal fan Halberdiers, Palacio Real, Madrid [60]
Grêflizzing fan Kristus 1769–1770 Museu Nacional de Arte Antiga, Lissabon [61]
De Flecht nei Egypte 1765–1770 Museu Nacional de Arte Antiga, Lissabon [62]