Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight)
Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight) | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | The King Has Lost His Crown | |
artyst | ABBA | |
album | Greatest Hits Vol. 2 | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | oktober 1979 | |
doer | 3:21 | |
label | Polar Music | |
skriuwer | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
produsint | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
fideoclip | ||
ABBA - Gimme! Gimme! Gimme! (A Man After Midnight) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Kent Music Report - 8, Ö3 Austria Top 40 - 2, Ultratop 50 - 1, Suomen virallinen lista - 1, IRMA - 1, Oricon International Chart - 1, Oricon Singles Chart - 17, Top 40 - 2, Single Top 100 - 2, Recorded Music NZ - 15, VG-lista - 2, Springbok Radio - 16, Sverigetopplistan - 16, Schweizer Hitparade - 1, UK Singles - 3, Official German Charts - 3 | |
sertifisearre | Denemark Goud, Frankryk Goud, Itaalje Goud, Nederlân Goud, Grut-Brittanje Platina |
Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight) is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA. It nûmer is ien fan de grutste hits fan ABBA, mar hat nea op in studio-album fan de popgroep stien. Wol is it nûmer opnommen op it kompilaasje-album Greatest Hits Vol. 2 út 1979. Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight) waard yn oktober 1979 útbrocht as single.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight) waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. It nûmer giet oer in jonge frou dy 't langet nei in romantyske relaasje wylst se iensum en allinnich yn har tsjustere, lege hûs sit. Se sjongt oer it ferskil tusken har situaasje en de " happy endings " fan films. Guon minsken tinke dat se gek wurdt en alles dwaan wolle soe foar in relaasje, sels as it om in moeting foar ien nacht giet.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Agnetha Fältskog – Sang
- Anni-Frid Lyngstad – Sang
- Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar
- Benny Andersson – Sang & Toetsen