[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

George Kooymans

Ut Wikipedy
George Kooymans
sjonger en/of muzikant
George Kooymans yn 2015
George Kooymans yn 2015
persoanlike bysûnderheden
echte namme George Kooymans
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 11 maart 1948
berteplak De Haach
wurkpaad
sjenre Rock,
Hardrock
ynstrumint Gitaar
grutste hit(s) Dong-Dong-Di-Ki-Di-Gi-Dong,
Radar love,
Back Home,
Twilight Zone,
When the lady smiles
jierren aktyf 1961-2021

George Kooymans (De Haach, 11 maart 1948) is in Nederlânsk gitarist. Hy is bekend as de gitarist en oprjochter fan de Golden Earring.

George Kooymans yn 1974

Golden Earring (1961-2021)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1961 rjochte de doetiids trettjin jierrige gitarist tegearre mei syn fjirtjin jierrige buorjonge en bassist Rinus Gerritsen de band The Golden Earrings op, neamd nei in nûmer fan de band The Hunters. Yn 1969 waard de namme feroarre yn Golden Earring. Mei de Golden Earring brocht Kooymans 25 studio-albums en tsien live-albums út en behelle er fiif nûmer 1-hits.

Al fanôf de jierren 70 wie Kooymans op de mominten dat it wat rêstiger wie mei de Golden Earring as solo-artyst dwaande. Solo hat er trije studio-albums útbrocht.

Vreemde Kostgangers (2016-2021)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2016 rjochte er tegearre mei Henny Vrienten fan Doe Maar en Boudewijn de Groot de groep Vreemde Kostgangers op. Mei Vreemde Kostgangers had Kooymans twa studio-albums útbrocht.

George Kooymans waard yn De Haach berne. Yn 1969 boaske er mei Melanie Gerritsen, de suster fan bassist Rinus Gerritsen; hja krigen twa bern. Ein 2020 die bliken dat George Kooymans de spiersykte ALS hat, dit waard begjin 2021 bekend makke en betsjutte it ein fan syn karriêre en fan de bands Golden Earring en Vreemde Kostgangers.

Op 13 oktober 2012 krige Kooymans yn it Arsenaalteäter yn Vlissingen de Eddy Christiani Award útrikt. Dy priis is in inisjatyf fan SCOOP en wurdt útrikt oan in nasjonale of ynternasjonale gitarist dy 't syn spoaren fertsjinne hat yn it ynternasjonale popsirkwy en lykas Christiani in ynspirearjende bydrage levere hat oan de ûntwikkeling fan de elektryske gitaarmuzyk.

Yn 2023 waard er beneamd ta eareboarger fan Rijkevorsel.[1]

Album Utbrocht op Band Single(s)
Just Ear-rings 1965 Golden Earring Please Go,
Lonely Everyday
Winter-Harvest 27 jannewaris 1967 In My House,
Dream,
Call Me
Miracle Mirror 1968 The Truth About Arthur,
I've Just Lost Somebody
On the Double 18 april 1969 Just a Little Bit of Peace in My Heart
Eight Miles High Novimber 1969
Golden Earring Septimber 1970 Back Home
Seven Tears Septimber 1971 She Flies on Strange Wings
Jojo 1972 George Kooymans
Together Juny 1972 Golden Earring Buddy Joe
Moontan Septimber 1973 Radar Love,
Candy's Going Bad
Switch Maart 1975 Tons of Time,
Kill Me (Ce Soir),
The Switch
To the Hilt Jannewaris 1976 Sleepwalkin,
To the Hilt
Contraband Desimber 1976 Bombay
Grab It for a Second Septimber 1978 Movin' Down Life
No Promises...No Debts July 1979 Weekend Love
Prisoner of the Night Oktober 1980 Long Blond Animal,
No for an Answer
Cut 10 septimber 1982 Twilight Zone,
The Devil Made Me Do It
N.E.W.S. Maart 1984 When the Lady Smiles,
Clear Night Moonlight,
N.E.W.S.
The Hole Maaie 1986 Quiet Eyes,
Why Do I,
They Dance
Solo 1987 George Kooymans
Keeper of the Flame Maaie 1989 Golden Earring My Killer My Shadow,
Turn the World Around,
Distant Love
Bloody Buccaneers 19 april 1991 Going to the Run,
Temporary Madness,
Pouring My Heart Out Again,
Making Love to Yourself,
Bloody Bucaneers
Face It Novimber 1994 Hold Me Now,
Johnny Make Believe
Paradise in Distress 12 april 1999 Paradise In Distress,
Whisper in a Crowd
Millbrook U.S.A. 21 febrewaris 2003 Albino Moon,
A Sound I Never Heard
On location 2010 George Kooymans
Vreemde Kostgangers 24 febrewaris 2017 Vreemde Kostgangers
Nachtwerk 24 novimber 2017
Tits 'n Ass 11 maaie 2012 Golden Earring Still Got the Keys to My First Cadillac

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: