[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Gefjocht fan Stomp Mês

Ut Wikipedy
Gefjocht fan Stomp Mês
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)

It plak fan it Gefjocht fan Stomp Mês.
datum: 25 novimber 1876
plak: yn it Wyoming-territoarium (43°32′27″ NB
107°32′19″ WL)
útkomst: Amerikaanske oerwinning
konfliktpartijen
Noardlike Sjajinnen


Feriene Steaten
Pâny
Sjosjoanen
befelhawwers
Stomp Mês
Lytse Wolf
Ranald S. Mackenzie

sterkte
400 1.000
ferliezen
30 deaden
ûnbekend tal ferwûnen
  9 deaden
26 ferwûnen
kaart
Gefjocht fan Stomp Mês (Wyoming)
Gefjocht fan Stomp Mês
Lokaasje fan it Gefjocht fan Stomp Mês yn 'e Amerikaanske steat Wyoming.

It Gefjocht fan Stomp Mês (Ingelsk: Dull Knife Fight) wie in fjildslach dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Dit treffen waard op 25 novimber 1876 útfochten op in punt op 43°32′27″ noarderbreedte by 107°32′19″ westerlingte op 'e noardlike Grutte Flakten yn wat neitiid de Amerikaanske steat Wyoming wurde soe. De Amerikaanske kavalery, ûnder lieding fan kolonel Ranald S. Mackenzie, oerfoel hjirby it doarp fan 'e Noardlike Sjajinnen fan 'e opperhaden Stomp Mês (Dull Knife) en Lytse Wolf. De útkomst wie in Amerikaanske oerwinning, dy't dit diel fan 'e Sjajinnen it fermogen ûntnaam om 'e oarloch fuort te setten.

Nei't it Amerikaanske Leger yn 'e simmer fan 1876 tsjinholden wie yn 'e Slach oan de Rosebud en in ferpletterjende nederlaach lit hie yn 'e Slach oan de Little Bighorn, marsjearre brigadegeneraal George Crook mei syn troepen op oer it Bozeman Trail, mei as doel om 'e Lakota fan it opperhaad Mâl Hynder te finen en út te skeakeljen. Nei't him in berjocht berikt hie oer in oarlochstroep fan 'e Noardlike Sjajinnen (dat bûnsgenoaten fan 'e Lakota wiene), dy't him yn it Wyoming-territoarium befine soe, stjoerde er kolonel Ranald S. Mackenzie op 'en paad om 'e Sjajinnen te finen en mei harren ôf te weven.

Mackenzie sette ein oktober 1876 út Fort Robinson yn Nebraska ôf, mei Kompanjy K fan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint, de Kompanjyen H en K fan it 3e Kavaleryrezjimint, de Kompanjyen B, D, E, F, I en M fan it 4e Kavaleryrezjimint en de Kompanjyen H en L fan it 5e Kavaleryrezjimint. Yn totaal wiene dat alve kompanjyen, dy't mei-inoar likernôch 1.000 manskippen telden. Dêropta beskikte Mackenzie ek oer in mânske ôfdieling Yndiaanske ferkenners, dy't foar it measte part út Pâny en Sjosjoanen bestie, mar dêr't ek loyale Lakota, Sjajinnen en Arapaho ta hearden.

Ferrin fan 'e slach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er it doarp fan 'e Noardlike Sjajinnen fan 'e opperhaden Stomp Mês en Lytse Wolf oan 'e Red Fork fan 'e Powderrivier lokalisearre hie, foel Mackenzie dat by moarnsdage op 25 novimber oan. De Sjajinske krigers hiene de jûns tefoaren feestfierd fanwegen in resinte oerwinning op 'e Sjosjoanen, dat tradisjonele fijannen fan harren wiene, dat om dy tiid hinne wie it doarp noch yn djippe rêst. Hoewol't de Sjajinnen gau wekker waarden en har fûleindich fersetten, dreaune Mackenzie en syn troepen harren út har eigen doarp wei, de winterske flakte yn, wêrby't se twongen wiene en jou frijwol al har besittings op, klean en tekkens ynbegrepen.

Ek bûten it doarp holden de Noardlike Sjajinnen oan mei it bieden fan steech ferset. Oan 'e Amerikaanske kant ûnderskaten fral de Pâny-ferkenners har troch mei útsûnderlike feardichheid en fûleindigens te fjochtsjen. Dat briek úteinlik it ferset fan 'e Sjajinnen, wêrnei't dy de striid opjoegen en fuortflechten. It Yndiaanske doarp fan 173 tipys mei alle ynhâld waard troch de Amerikanen ferbrând, en itselde gou foar de winteritensfoarrieden fan 'e Sjajinnen. Fierders waard de keppel fan sa'n 500 Yndiaanske mustangs bútmakke.

Yn it Gefjocht fan Stomp Mês kamen oan 'e Amerikaanske kant 6 militêren om, wêrûnder luitenant John A. McKinney en fiif sljochtwei soldaten. Teffens fûnen 3 Yndiaanske ferkenners de dea. Fierders wiene der 26 ferwûnen. De Noardlike Sjajinnen hiene 30 deaden en in ûnbekend tal ferwûnen te betreurjen. Om't se yn 'e slach alle foarrieden foar de kommende winter kwytrekke wiene, waard de troep fan Stomp Mês troch de Amerikaanske oerwinning it fermogen ûntnommen om 'e striid noch langer fuort te setten. Stomp Mês en syn folgelingen wiene sadwaande nei in lange en drege tocht by de râne fan it Bighorn-berchtme lâns twongen om har oan 'e rivier de Tongue oer te jaan. Underweis wiene ferskaten fan har deaferzen, wylst in protte oaren befriezingsferskynsels oan útstykjende lichemsdielen (lykas earen, noas en teannen) oprûn hiene. In minderheid fan 'e krigers joech him ûnder lieding fan Lytse Wolf by de Lakota fan Mâl Hynder om 'e striid fuort te setten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.