Galloway (ko)
In galloway is meast swart koweras, mei hoarnen, dat oarspronklik út Skotlân komt. Galloways wurde faak yn natuergebieten ynset as grutte gerskers. Sy kinne har gau rêde yn it wyld en binne net agressyf.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Galloway stammet ôf fan meast swart fee, dat sûnt de Keltyske tiid yn Skotlân foarkaam. Dat Keltysk fee moat de basis west hawwe foar de Galloway fan Súdwest-Skotlân.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Galloway hat frijwat koarte poaten sit rûch yn it hier, sadat er winterdeis bûten bliuwe kin en in protte kjeld hawwe kin. It hier fan de Galloway is lang en slaggerich en ek de earen binne karakteristyk. Galloway-kij hawwe in trochsneed skofthichte fan 120 sm en wage 450-590 kg: bollen binne trochstrings 130 sm en wage 600-900 kg. De bisten binne robúst. Rieren kinne ûnder de bolle at sy 20-27 moannen binne, sy kinne elts jier kealje.
De kij, dy't in sterk memmeynstinkt hawwe, kinne yn har libben 10-12 keallen krije. De keallen wage 25-30 kg by de berte. It is in gaadlik ras foar ekstinsive fleisproduksje. Yntinsifearje en byfuorje mei brokken kin net út. Mei trije jier is de Galloway klear foar de slacht. Sûnt de iere 19e iuw is de "Galloway-rib" ferneamd en wurdearre by de Londenske slachters. It Gallowayfleis befettet bysûndere fetten, nammentlik allinne de sûne Omega-3-fetsoeren.
In folwoeksen Galloway hat sa'n 1,5 hektare lân nedich.
Galloways wurde ynset by it beweidzjen en bedongjen fan greidlân. De dong lûkt greidfûgels oan sa as de ljip en de bûnte liuw.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Galloway (Cattle) fan Wikimedia Commons. |