Gabriël van Schouwen
Dokter Gabriël van Schouwen (Goudswaard, 14 oktober 1863 - Grins, 13 april 1913) wie in bekend húsdokter op It Hearrenfean.
Hy hat him tige ynsetten faor de behanneling fan Lupus-pasjinten. Hy garre in soad kennis op dit mêd en krige yn medyske fermiddens lanlike bekendheid. Hy kocht in tal lampen en oare nedichheden. Omdat de behanneling fan Lupus-pasjinten in soad tiid koste liet er huzinge "Violetta" yn Terbant bouwe. Pasjinten út de wide omkriten koenen sa ûnderdak en in effisjinte behanneling krije.
Letter hat frou Van Schouwen it gebou mei tabeahearren grûn oan de Violetta-feriening skonken. Noch letter binne de besittings oergien nei it Griene Krús foar de neisoarch fan tbc-pasjinten. Dêrnei hat der noch in opliedingssintrum foar kreamheinsters yn sitten.