[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Goudkopspjocht

Ut Wikipedy
Goudkopspjocht

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai swarte beamkrûpspjochten
   (Melanerpes)
soarte
Melanerpes aurifrons
Wagler, 1829
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De goudkopspjocht (Melanerpes aurifrons) is in fûgel út de famylje spjochten (Picidae).

De goudkopspjocht is 22 oant 26 sm lang en hat in gewicht fan 65 oant 102 gram. Mantsjes en wyfkes binne hast allyk. Allinne it fearrepatroan op 'e kop wykt ôf. Folwoeksen mantsjes hawwe dêr in reade kroan en in goudoranje oant giele nekke mei griis dêrtusken; wyfkes hawwe in griiseftige kroan en in ljochtere giele nekke. De rest fan it kopke fan in folwoeksen fûgel bestiet út ferskillende tinten griis mei by de snaffel wat giele fearkes. De boppekant fan 'e fûgel bestiet út swarte en ljochte streken mei wite boppesturtdekfearren mei in pear swarte flekken. Harren slachpinnen binne swart mei ûngelikens wyt op 'e slachpinnen. De sturt is meastentiids swart mei ûngelikens wyt op 'e bûtenste fearren. It búkje is griis mei ljochtswarte streken op 'e flanken en ûndersturtdekfearren en in giele flek op 'e ûnderbúk. Harren each is djipread oant readeftich brún en de snaffel is swart oant griiseftich swart. De poatsjes binne griiseftich grien oant grieneftich griis. Oer it generaal binne jonge fûgels fealer fan kleur, binne de streken minder dúdlik en hawwe se gjin of mar in bytsje oranje op 'e nekke. Mantsjes hawwe in lytse reade kroan op it kopke en wyfkes mar in pear reade fearkes.

Teksaansk mantsje yn 'e flecht.

De goudkopsjocht yt liddepoatigen en de larven dêrfan. Fierder bestiet syn iten út fruit, nuten en mais en somtiden fleanende ynsekten. De fûgel siket syn iten yn beammen en op greide, mar komselden ûnder strûken.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel is in stânfûgel en libbet yn it suden fan 'e Feriene Steaten (Teksas en Oklahoma), Meksiko en dielen fan Sintraal-Amearika (Belize, Gûatemala, El Salvador, Hondoeras, Nikaragûa). De goudkopspjocht hat in foarkar foar bosk oan rivieren en mesquite-boskjes, mar wurdt ek sjoen yn grutte parken.

Ek bûten it briedseizoen bliuwt de fûgel territoariaal. Yn Teksas briedt de fûgel tusken maart en july en produsearret er faak twa lechsels. Beide âlders dolle in holte út yn 'e stamme fan in libbene of deade beam of tûke. Bytiden wit er ek gebrûk te meitsjen fan elektrisiteitspeallen of nêstkasten. De holte leit op in hichte tusken de 2 m en 9 m boppe de grûn. Der wurde yn 'e regel sa'n fjouwer oant fiif aaien lein, dy't troch beide âlders útbret wurde. Nei sa'n 12 oant 14 dagen komme de aaien út en likernôch 30 dagen letter fleane de jongen út.

De IUCN beöardielet de populaasje fan 'e fûgel as stabyl en beskôget him dêrom as net bedrige. It is yn Teksas in gewoane fûgel, oer it oantal yn Meksiko bestiet lykwols net in soad ynformaasje. De soarte liket him goed oan te passen oan troch minsken feroarsake feroarjende omstannichheden en wit him ek yn parken en gebieten fan stedsútwreidings te rêden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Golden-fronted woodpecker (ferzje 26 desimber 2023)