[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Goudmantelgrûniikhoarntsje

Ut Wikipedy
goudmantelgrûniikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai goudmantelgrûniikhoarntsjes (Callospermophilus)
soarte
Callospermophilus lateralis
Say, 1823
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It goudmantelgrûniikhoarntsje (Latynske namme: Callospermophilus lateralis; foarhinne: Spermophilus lateralis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini), it boppeskaai fan 'e echte grûniikhoarntsjes (Spermophilus) en it skaai fan 'e goudmantelgrûniikhoarntsjes (Callospermophilus). Dizze soarte libbet yn bercheftige gebieten yn it westen fan Noard-Amearika, dêr't er rûnom foarkomt yn biotopen yn wâlden, rotsige berchgreiden en sels op mei strewelleguod begroeide flakten.

Goudmantelgrûniikhoarntsjes libje benammen yn 'e Rocky Mountains fan 'e Amerikaanske steaten Kolorado, Nij-Meksiko, Utah, Wyoming, Montana, Idaho en de Kanadeeske provinsjes Alberta en Britsk-Kolumbia. Fierderes komme se ek foar yn bercheftige kriten fan 'e Amerikaanske steaten Washington, Oregon, Kalifornje, Nevada en Arizona.

In goudmantelgrûniikhoarntsje.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It goudmantelgrûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan likernôch 17½-23 sm, mei in sturtlingte fan 6-12 sm en in gewicht fan 120-395 g. De pels is op 'e rêch, nekke, kop, fangen en sturt dûnkergriis oant griisbrún, mei boppe-oan 'e beide fangen yn 'e lingterjochting in ljochte, suver gielige streek. De hals, bealch en poaten binne ljochtbrún fan kleur. De snút en wangen binne egaal ljochtbrún, sûnder fierdere streken, al rint der om 'e eagen hinne in ljochtere râne. Krekt as wangsekiikhoarntsjes hat it goudmantelgrûniikhoarntsje grutte wangpûden foar it fluch-fluch opslaan fan iten dat letter, op in feiliger plak, yn alle rêst bepluze wurde kin.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goudmantelgrûniikhoarntsjes grave ûndjippe hoalen om yn te libjen, dy't oant 30 m lang wêze kinne, mei yngongen dy't ornaris ferskûle sitte ûnder beamwoartels of rotsen. Se frette benammentlik sieden, nuten, beien, ynsekten en ûndergrûnsk groeiende skimmels. Hjerstmis lizze se itensfoarrieden oan foar de winter, hoewol't se dy foar in part yn wintersliep trochbringe. De wyfkes smite by 't simmer ien nêst fan 4-6 jongen jiers. Natuerlike fijannen fan goudmantelgrûniikhoarntsjes binne û.m. ferskate soarten hauken en foksen, en fierders de wezeling, de reade lynks en de prêrjewolf.

It goudmantelgrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.