[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Broek op Langedyk

Ut Wikipedy

Broek op Langedyk is in dykdoarp yn de gemeente Dyk en Waard, yn it westen fan West-Fryslân, yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân.

Broek op Langedyk hjitte ea gewoan Broek. Dy namme wiist op in plak yn moerassich leechlizzend lân, 'op Langedyk' wiist nei it feit dat it plak op en oan de dyk lei, dy’t de langedyk neamd waard. It plak komt yn de 12e iuw al foar as Broec, yn 1424 as Broeck opten dijck en yn 1639 as Brock Langhendyck. Broek op Langedyk is ûnderdiel fan de doarpenstêd Langedyk. Broek op Langedyk wie tusken 1810 en 1941 in selsstannige gemeente.

De Broeker Feiling wurdt yn 1976 ynrjochte as museum

De doarpen Broek, Súd- en Noard-Skarwâlde hiene as bynamme it ‘ryk fan de tûzen eilannen’ fanwege it grutte tal eilantsjes foar de lânbou. In diel fan de eilantsjes is ûntwikkele ta wenwyk, in oar stik is natoergebiet.