[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Blickling

Ut Wikipedy
Blickling
St. Andrew's
St. Andrew's
Bestjoer
Lân Ingelân,
Feriene Keninkryk
Greefskip Norfolk
Distrikt Broadland
Sifers
Ynwennertal 136 (2001)
Oerflak 8,62 km²
Befolkingsticht. 16 / km²
Stêdekloft n.f.t.
Hichte 26 m
Oar
Tiidsône UTC+0
Simmertiid UTC+1

Blickling is in plak en civil parish yn it bestjoerlik gebiet Broadland, yn it Ingelske greefskip Norfolk mei 136 ynwenners (folkstelling 2001). it plak leitt sa'n 2,4 km noardweslik fan Aylsham en 206 km fan it sintrum fan Londen.

Sûnt de 17e iuw binne de buorren fan it doarp konsintrearre op twa plakken, by de tsjerke en by de yngong fan Blickling Hall, dat mooglik it bertehûs fan Anna Boleyn is. Ferskate leden fan de famylje Boleyn hawwe yn it doarp wenne.[1] Njonken de hall stiet de pub Buckinghamshire Arms. De pub (mei skuorre) sa't dy der no hinne leit waard boud yn 1700, mar al yn de iere 17e iuw waard der sprutsen fan in ale house op itselde plak.[2]

Keppelings om utens (in)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Boleyn Family Tree, 26 juny 2009
  2. Newman. J. The National Trust-Blickling Hall s71,73 ISBN 0-7078-0086-2 Sjoen 11 desimber 2008