[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Blauspjocht

Ut Wikipedy
blauspjocht
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje blauspjochten (Sittidae)
skaai echte blauspjochten (Sitta)
soarte
Sitta europaea
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De blauspjocht, gewoane blauspjocht of beambikker (Sitta europaea) is de ienige soarte út de famylje fan de blauspjochten (Sittidae) dy't yn Nederlân foarkomt. It is de ienige fûgel dy't like maklik by in beam omheech rint as nij ûnderen. Deryn ferskilt er fan de spjochten dy't allinich omheech klimme.

De blauspjocht is in koarte dikke fûgel fan likernôch 14 sm. De boppekant, de rêch, de wjukken en boppekant fan de kop is blaugriis. De ûnderkant is by de fûgels dy't yn it noarden en easten fan Jeropa foarkomme wyteftich. De fûgels yn it suden en westen hawwe in wat mear readbrune kleur. Fierder hat er in opfallende swarte eachstreek en in wite kiel.

De blauspjocht komt foar yn hast hiel Jeropa útsein it noarden fan Skandinaavje, Skotlân en Ierlân. Dêrnjonken libbet er ek yn grutte dielen fan Sibearje en East-Aazje.
De blauspjocht is it meast te finen yn bosken mei leafbeammen, meast mei âlde en hege beammen.

De blauspjocht yt yn de simmer meast ynsekten, yn de hjerst en winterdeis ek wol sied, beien en nuten. Hurde nuten set er meast fêst tusken de beamskors wêrnei hy se mei syn sterke snaffel stikken makket.

Aaien fan 'e blauspjocht

Winterdeis is der ek wol op de foerplanke te sjen, faak in it selskip fan miezen.

De blauspjocht briedt fan ein april oant july yn beammehoalen en spjochtegatten, mar somtiden ek wol yn gatten yn moarren of nêstkasten. Hy makket it nêst net sels mar brûkt meast âlde hoalen dy't net mear brûkt wurde. Faak makket hy de yngong lytser mei klaai sadat hy der sels noch krekt trochhinne past. De 7 oant 9 aaien wurde yn sa'n 2 wiken útbred. De jongen wurde troch beide âlden noch in 24 dagen fuorre foardat se útfleane. Meastentiids is der mar ien nêst per jier.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]