[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bierum

Ut Wikipedy
Bierum
Sebastiaantsjerke
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 650 (2021) [1]
Oerflak 7,38 km²
wêrfan lân: 7,34 km²
wêrfan wetter: 0,04 km²
Befolkingstichtens 63 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 22' N 6° 51' E
Webside Side Bierum

Bierum (Grinslânsk: Baaierm) is in wierdoarp yn de gemeente Iemsdelta yn it noarden fan de provinsje Grinslân, Nederlân.

Bierum leit noardwestlik fan Delfsyl oan de Waadkust.

It meast karakteristike gebou fan it doarp is de midsiuwske Sebastiaantsjerke mei in mânske steunbear tsjin de toer oan. Dy steunbear wie bedoeld om te skoarjen, mar troch in fout yn de oanlis fan it fûnemint lûkt er de toer no feitlik del. Bysûnder is fierders dat dit foar it grutste part romaanske tsjerke in romanogoatyske meloenferwulften hat.

Yn Bierum stie yn it ferline de boarch Luinga. It boarchterrein is noch goed werom te kennen. De entree mei bakstiennen brêge is noch oanwêzich.

Bierum foarme mei de omlizzende doarpen Godlinze, Losdorp, Holwierde, Krewerd en Spijk oant 1990 in selsstannige gemeente. By de gemeentlike weryndieling fan dat jier kaam Bierum by de gemeente Delfsyl, dy't mei yngong fan 1 jannewaris 2021 yndield waard by de hjoeddeiske gemeente Iemsdelta.

Berne yn Bierum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
· · Berjocht bewurkje