Bedum (plak)
Bedum (Grinslânsk: Beem) leit yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Is wie it haadplak fan de eardere lykneamde gemeente. It doarp leit ûngefear 10 km noardlik fan de stêd Grins en leit oan it spoar Grins - Delfsyl en oan it Boterdiep. It doarp Bedum hie yn 2019 8.630 ynwenners en de gemeente Bedum goed 10.000.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske herfoarme Walfridustsjerke waard yn de 11e iuw stichte as beafeartstsjerke fan Walfridus, dy't yn Bedum libbe hawwe soe en troch de Noarmannen fermoarde wêze soe. Opfallend oan de tsjerke is de skeane 11e iuwske toer yn romaanske styl. Dizze toer stiet skeaner as dy fan Pisa: hy hinget 4,18°[1] út it lead versus de 3,97° fan Pisa. Hy is yn elts gefal de skeanste fan Nederlân. Yn de 15e iuw waard de tsjerke fergrutte ta in twabeukige goatyske halletsjerke, dy't yn de 16e iuw útwreide waard mei in grut koar mei omgong foar it kapittel fan de tsjerke. Nei de Reformaasje is de tsjerke swier skeind, ûnder mear troch sloop fan it koer en ferleging fan de noarderbeuk. Yn de Midsiuwen hie Bedum noch in beafeartstsjerke, wijd oan Sint Radfridus, de soan fan Walfridus. Fan dy tsjerke is boppe de grûn neat oer. De roomsk-katolike tsjerke Us Leaffrou Himelfeart is in ienbeukige krústsjerke yn neogoatyske styl, boud yn 1880-1881 nei ûntwerp fan Alfred Tepe. De grifformearde Noardertsjerke út 1938 waard ûntwurpen troch arsjitekt Egbert Reitsma yn tradisjonalistyske styl.
-
De katolike Marije ten Himelopnimmingtsjerke
-
De grifformearde Goede Hoedertsjerke
-
Alde gemeentehûs
-
Brêge Giele Klap
-
Ien fan de fjouwer dûbele arbeiderswenten oan it plantsoen oan de Walfridusleane
-
De grutte grifformearde Skoalle mei de Bibel
-
Roukapel op it katolike begraafplak
-
Huzen yn nijbouwyk Ter Laan 4 sjoen oer it Boterdiep
-
Pleats Alma op it stee fan de eardere heerd Alma
Berne yn Bedum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Mekel (1891-1942), heechlearaar en fersetsstrider
- Arjen Robben (1984), fuotballer
- Geert Reinders (19 april 1737 - 4 febrewaris 1815), ymmunologysk ûndersiker
- Karst Zevenberg (1893-1960), architect
- Albert Wiersema (1895-1966), architect
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|