[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Balystrjitte

Ut Wikipedy
Baly, Balystrjitte loftsboppe
Sicht op de Balystrjitte fan Java ôf

De Balystrjitte is in seestrjitte tusken de Yndonezyske eilannen Java en Baly. It wetter is de grins tusken de Yndonezyske provinsjes East-Java en Baly en de ferbining tusken de Yndyske Oseaan en de Balysee yn it noarden. De Strjitte Baly is frijwat ûndjip en op it smelste plak 3 kilometer breed.

Der is in fearferbining fan Ketapang of Banyuwangi op Java nei Gilimanuk op Baly.