[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bad Tölz-Wolfratshausen

Ut Wikipedy
Lânkring Tölz-Wolfratshausen
wapen
Statistyk
Ynwennertal 129.511 (2022)
Oerflak 1.110,66 km²
Befolkingsticht. 117 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Beieren
Regierungsbezirk Oberbayern
Oar
Adres bestjoer Prof.-Max-Lange-Platz 1
83646 Bad Tölz
Koördinaten 47° 43' N 11° 28' E
Oprjochting 1972
Yndieling 21 gemeenten
Kenteken TÖL, WOR
Kreiskaai 09 1 73
Webside www.lra-toelz.de

De Lânkring Bad Tölz-Wolfratshausen is in bestjoerlik distrikt yn it suden fan 'e Dútske dielsteat Beieren en waard yn 'e hjoeddeiske foarm yn 1972 oprjochte troch de gearfoeging fan 'e eardere lânkringen Bad Tölz en Wolfratshausen. De Schafreuter is mei in hichte fan 2.102 m boppe seenivo ien fan 'e heechste toppen fan 'e Vorkarwendel. De krite stiet toeristysk bekend as Tölzer Land.

Fan súdwest nei noard streamt de rivier de Isar, dy't fan in berchrivier oergiet yn in brede rivier en by Icking rjochting München streamt.

Kreisstadt is it kuerplak Bad Tölz, alhoewol't yn 'e eardere Kreisstadt Wolfratshausen ferskillende tsjinsten fan 'e lânkring bleaune. It ekonomyske sintrum en tagelyk de grutste stêd fan 'e lânkring is Geretsried, dy't nei de Twadde Wrâldkriich troch it gearfoegjen fan ferskillende oare gemeenten oprjochte waard.

De lânkring hat 21 gemeenten, wêrfan trije stêden. Fierder binne der twa gemeentefrije gebieten.

Yndieling lânkring neffens gemeenten.

Stêden

  1. Bad Tölz (19.186)
  2. Geretsried (25.623)
  3. Wolfratshausen (19.335)

Gemeentefrije gebieten
(7,99 km², beide ûnbewenne)

  1. Pupplinger Au (3,72 km²)
  2. Wolfratshauser Forst (4,27 km²)

Oare Gemeenten

  1. Bad Heilbrunn (4.008)
  2. Benediktbeuern (3.720)
  3. Bichl (2.298)
  4. Dietramszell (5.757)
  5. Egling (5.402)
  6. Eurasburg (4.283)
  7. Gaißach (3.170)
  8. Greiling (1.473)
  9. Icking (3.736)
  10. Jachenau (804)
  11. Kochel/See (4.165)
  12. Königsdorf (3.154)
  13. Lenggries (10.146)
  14. Münsing (4.375)
  15. Reichersbeuern (2.532)
  16. Sachsenkam (1.316)
  17. Schlehdorf (1.348)
  18. Wackersberg (3.680)

Gearwurkingsferbannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânkring hat trije Verwaltungsgemeinschaften *:

  1. Benediktbeuern(Dielnimmende gemeenten: Benediktbeuern en Bichl).
  2. Kochel a.See (Dielnimmende gemeenten: Kochel/See en Schlehdorf).
  3. Reichersbeuern (Dielnimmende gemeenten: Greiling, Reichersbeuern en Sachsenkam).

(*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Lânkring Bad Tölz-Wolfratshausen


Beieren Flagge fan Beieren
Regierungsbezirke

Middelfranken - NederbeierenNederfrankenOpperbeieren - Opperfranken - Opperpalts - Swaben

Landkreise

Aichach-Friedberg - Altötting - Amberg-Sulzbach - Ansbach - Aschaffenburg - Augsburg - Bad Kissingen - Bad Tölz-Wolfratshausen - Bamberg - Bayreuth - Berchtesgadener Land - Cham - Coburg - Dachau - Deggendorf - Dillingen an der Donau - Dingolfing-Landau - Donau-Ries - Ebersberg - Eichstätt - Erding - Erlangen-Höchstadt - Forchheim - Freising - Freyung-Grafenau - Fürstenfeldbruck - Fürth - Garmisch-Partenkirchen - Günzburg - Haßberge - Hof - Kelheim - Kitzingen - Kronach - Kulmbach - Landsberg am Lech - Landshut - Lichtenfels - Lindau - Main-Spessart - Miesbach - Miltenberch - Mühldorf am Inn - München - Neuburg-Schrobenhausen - Neumarkt in der Oberpfalz - Neustadt an der Aisch-Bad Windsheim - Neustadt an der Waldnaab - Neu-Ulm - Nürnberger Land - Oberallgäu - Ostallgäu - Passau - Pfaffenhofen an der Ilm - Regen - Regensburg - Rhön-Grabfeld - Rosenheim - Roth - Rottal-Inn - Schwandorf - Schweinfurt - Starnberg - Straubing-Bogen - Tirschenreuth - Traunstein - Unterallgäu - Weilheim-Schongau - Weißenburg-Gunzenhausen - Wunsiedel im Fichtelgebirge - Würzburg

Kreisfreie Städte

Amberg - Ansbach - Aschaffenburch - Augsburg - Bamberch - Bayreuth - Coburg - Erlangen - Freising - Fürth - Hof - Ingolstadt - Kaufbeuren - Kempten - Landshut - Memmingen - München - Neurenberch - Passau - Regensburg - Rosenheim - Schwabach - Schweinfurt - Straubing - Weiden - Würzburg

· · Berjocht bewurkje