[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bad Bertrich

Ut Wikipedy
Bad Bertrich
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Cochem-Zell
ferbânsgemeente Ulmen
Gemeente-yndieling 2 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 1.038 (2023)
Oerflak 8,71 km²
Hichte 150 m
Oar
Postkoade 56864
Koördinaten 50° 4'N 7° 2'E
Offisjele webside
www.bad-bertrich.de
Kaart
Bad Bertrich (Rynlân-Palts)
Bad Bertrich

Bad Bertrich is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Bad Bertrich leit yn 'e Fulkaaneifel en makket diel út fan 'e lânkring Cochem-Zell.

De gemeente Bad Bertrich bestiet út de twa Ortsteilen Bad Bertrich mei de buorskippen Marienhöhe en Sonnenhof en Kennfus mei de buorskip Lucienhof.

Lokaasje fan Bad Bertrich (read) yn 'e ferbânsgemeente (ljochtread) yn 'e lânkring Cochem-Zell (griis).

Bad Bertrich is ien fan 'e 16 saneamde Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Ulmen.

Al yn 'e tiid fan 'e Romeinske keizers Falentinianus II en Gratianus waarden yn Bertriacum moaie badhûzen boud. De earste dokumintêre fermelding fan it plak wie yn 1097 yn in besitsdokumint fan aartsbiskop Egilbert fan Trier. Yn 1476 waard it plak in kuerplak fan Kar-Trier. De lêste karfoarst fan Trier, Klemens Wenzeslaus fan Saksen, liet hjir tusken 1785 en 1787 in karfoarstelik paleiske bouwe en brûkte dat as simmer- en jachtslot. Sûnt 1794 sloegen de Frânsen yn Bad Bertrich foar master op. Yn 1815 waard Bad Bertrich op it Kongres fan Wenen oan it Keninkryk Prusen tawiisd en Prusysk besit.

Op 1 jannewaris 1975 waard de oant dan selsstannige gemeente Kennfus by de gemeente Bad Bertrich yndield.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De protestantske Filip Melanchtontsjerke.
  • De roomske Sint-Petrustsjerke.
  • It karfoarstelik slot mei bygebouwen.
  • De yn 1910 foltôge 14 m hege útsjochtoer (500 m eastlik fan it doarp op de Hohelay).
  • De jitizeren Hohenzollerntoer op 'e noardeastlik lizzende Krahlberg.
  • De Fulkaaneifel-termen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder de:Bad Bertrich.