[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Backlot

Ut Wikipedy
De filmset fan War of the Worlds (2005) op it backlot fan Universal Studios Hollywood.

In backlot (letterlik in "efterperseel") is yn 'e filmyndustry in stik grûn efter of njonken in filmstudiokompleks (in hiem, soe men sizze as it om in wente gie, allinnich grutter). Op sokke stikken lân fine de opnamen plak fan bûtendoarsênes en wurde dêrfoar tydlike filmsets boud of oanlein. It komt ek in protte foar dat studiokompleksen ferskillende soarten fêste filmsets op it backlot bouwe, dy't (mei lytse oanpassings) brûkt wurde kinne foar de opnamen fan in ferskaat oan films. Men kin dan bgl. tinke oan in strjitte yn New York of yn Parys of yn in stedsje yn it Wylde Westen. It kin wêze dat de 'gebouwen' inkeld fasades binne, mar it komt ek foar dat der echt gebouwen neiboud wurde, soms sels hiele stedsblokken. De leechsteande gebouwen kinne dan brûkt wurde foar de opslach fan dekôrstikken. Oare sets kinne bestean út in bercheftige krite, in bosk, in skip, ensfh.

Soms wurdt yn films de fjirde muorre trochbrutsen, wêrby't akteurs foar komysk effekt ûnder de opnamen de set ferlitte. Sa bea de film Blazing Saddles (1974), fan Mel Brooks, in seldsum ynkykje op it backlot fan 'e Warner Bros. Studios, Burbank troch in sêne dy't fan 'e Laramie Street-set (sabeare yn it Wylde Westen) ôfrûgele en fia ferskate oare sets úteinlik út Gate 3 de Olive Avenue yn Burbank op.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.