[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Baudina Stinstra

Ut Wikipedy
Baudina Stinstra troch H. Baur

Baudina Stinstra (Harns, 26 april 1739 – dêre, 13 augustus 1821) wie in amateurtekeneresse.

Baudina wie in dochter fan Gooitjen Stinstra (1703-1764?), dokter, en Anna Willems Mouter (1711-1782); hja hearden ta it (begoedige) minniste fermidden fan Harns, dêr't keunst en kultuer wichtich wie en dy't maatskiplik en polityk belutsen wiene. Baudina Stinstra troude op 11 juny 1769 yn Harns mei Jelle Wildschut (1741-1814), keapman, út itselde miljeu. It houlik bleau sûnder bern. De Harnzer skilder Hendricus J.A. Baur hat har yn 1768 portretearre.

Baudina’s ierste wurk binne kopyen nei printen fan oare keunstners sa as: Abraham Bloemaert, foarstellende ‘De moanne april’ en ‘De moanne maaie' (1764 en 1765) en Jacob van Ruysdael, tekeningen fan de Blauwbrug yn Amsterdam (1767). Fan Baudina is mar ien tekening bekend fan nei har houlik: in foarstelling fan de tsjerke fan Aldeberkeap (1776), kopiearre nei Cornelis Pronk.

Baudina wie yn 1796 ien fan de ûndertekeners fan in petysje oan de Nasjonale Fergadering oer it optreden fan de revolúsjonêren yn Fryslân dêr't omtinken yn frege waard foar û.o. it rjocht fan froulju om ûnbehindere oer de strjitte gean te kinnen en foar it rjocht op briefgeheim.

It Stedsargyf Amsterdam hat fiif tekeningen fan Baudina Stinstra, dy't út de kolleksje Van Eeghen komme. It wurk is hjir te besjen: Byldbank Stedsargyf Amsterdam

  • B. Bakker, E. Fleurbaay en A.W. Gerlagh, De verzameling Van Eeghen. Amsterdamse tekeningen 1600-1950 (Zwolle/Amsterdam 1989) 206-207.
  • Y.B. Kuiper, ‘Friese kunstkabinetten en Hollandse relaties: schilderijencollecties van Stinstra’s uit Harlingen’, yn: Ph.H. Breuker en A. Janse red., Negen eeuwen Friesland-Holland. Geschiedenis van een haat-liefdeverhouding (Sutphen/Ljouwert 1997) 213-226.
  • M.-A. de Harder, ‘“Onbeholpen kopieën als tijdverdrijf”. De Friese kunstenares Baudina Stinstra (1739-1821)’, De Vrije Fries 85 (2005) 160-177.
  • H. Nijboer en Y. Kuiper, ‘Merchants, mennonites & marriages. Commercial, religious and kinship networks in the Dutch port town of Harlingen in the 17th and 18th centuries’, op: www.harlingerrijkdom.nl/merchants_mennonites_marriages.pdf .

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: