[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Boelardus fan Boelens

Ut Wikipedy
Wapen

Boelardus van Boelens (Beetstersweach, 1667Opsterlân, 6 april 1730) wie in Frysk luitenant fan in kompanjy ruters.[1]

Boelardus wie in soan fan Broer Boelens en Ebeltie Mangadan. Hy troude op 1 febrewaris 1694 yn Weinterp, Opsterlân mei Ypkjen van Hemminga. Ypckjen wie earder foar de tsjerke troud west mei Johannes Rombertus Siercksma. Boelardus en Ypkjen krigen twa bern: Ayzo fan Boelens en Wiegerus Ambrosius van Boelens. [2] Boelardus waard op 8 septimber 1701 beneamd ta luitenant yn de kompanjy fan ritmaster Hemmema.[3] Yn Smellingerlân waard de Luitenantslaan (Lutenantsloane) nei Boelardus ferneamd.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Heeren van den Raede: biografieën en groepsportret van de raadsheren van... - Oebele Vries: books.google.nl
  2. Gezinsblad Boelardus Boelens :tresoar.nl
  3. Dr G.A. Wumkes - Stads- en dorpskroniek van Friesland :tresoar.nl
  4. Website: smallingerland.nl