[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bodie (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Bodie, Kalifornje.
Basis ynformaasje
Lân Feriene Steaten
Staat Kalifornje
Regio Mono County
Oprjochting 1876
Hichte 2250 meter
Tal ynwenners 0
Koördinaten -
Webside Bodie State Historic Park
Binnen yn in hûs yn Bodie.
In strjitte fan Bodie.

Bodie is in spûkstêd yn de Amerikaanske steat Kalifornje en leit op in hichte fan 2250 meter. Bodie, dat yn it saneamde Wylde Westen leit, is neamd nei W.S. Bodey. In man dy't yn 1859 ûntduts dat dêr goud yn de boaiem siet. Hy kaam yn novimber fan dat jier om by in befoarriedingmisje yn in tongerbui. It stêdsje hat hjoed de dei de status fan National Historic Landmark, wat betsjut dat it plak in erkend monumint is.

It wie hast tweintich jier nei de ûntdekking fan Bodie dat de Standard Company yn 1876 in geologyske goudlaach ûntduts dy't winstjouwend wie. Dêrnei groeide it lytse isolearre doarpke mei 20 ynwenners út ta in stêd mei úteinlik wol 10.000 ynwenners. Yn totaal hawwe de Bodie-minen wol 34 miljoen dollar oan goud opsmiten.

Bodie krijt yn dy tiid de kenmerken fan in grutte stêd. Mei twa banken, in tippelsône, in treinstasjon, fakbûnen, kranten, in finzenis en op it hichtepunt sels 65 salons, hat it stêdsje alles fan in grutte stêd. Moard en fjochtpartijen binne mear regel as útsûndering.

Nei ferrin fan tiid waard der hieltyd minder goud fûn en de opbringsten bleaunen efter. Yn de tritiger jierren is de stêd al hast hielendal ferlitten. Dochs wennen der yn it grutste part fan de 20e iuw minsken en waard de myn pas yn de jierren sechtich ticht dien.

Nei ferrin fan tiid krige Bodie har eigen Chinatown. Op dat stuit wennen der hûnderten Sinezen yn Bodie. Der wie sels in Sineeske timpel. De Sinezen fertsjinnen harren jild mei it ferkeapjen fan griente of it kappen en ferkeapjen fan hout. Hjir wie in protte wurk yn omdat de temperatueren yn Bodie faak ûnder de 0° Celcius kamen. Der wie dan ek in protte hout nedich foar it waarm hâlden fan de hûzen.

Hydraulyske elektrisiteitssintrale

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1893 boude de Standard Company har eigen Hydraulyske elektrisiteitssintrale. Dizze sintrale stiet op sa'n 20 kilometer fan it plak, oan de Green Creek. De sintrale koe sa'n 130 hynstekrêften en 6.600 Volt opwekke. Mei dizze sintrale waarden de tweintich mûnen fan it bedriuw fan elektrisiteit betsjinne.

Sûnt 1962 is Bodie in Nasjonaal Park, Bodie State Historic Park neamd. Noch hieltyd steane der sa'n 170 gebouwen oerein yn Bodie, wêrûnder in skoalle en in tsjerke. De gebouwen bliuwe troch de lege luchtfochtichheid yn in goede steat. It is ien fan de bêst bewarre doarpen út de tiid fan it Wylde Westen, ek al baarnde yn 1932 in grut part fan it stêdsje ôf. Besikers kinne it hiele jier troch, tsjin in fergoeding, troch de strjitten fan it stêdsje rinne. It ynterieur fan de hûzen is safolle mooglik yntakt bleaun. De bêste tiid om it stêdsje te besykjen is yn de simmermoannen, yn de wintermoannen is de dyk nei it plak ta net te beriden troch de snie dy't dan op de dyk leit.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]