[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Bûnte miggesnapper

Ut Wikipedy
bûnte miggesnapper
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai bûnte miggesnappers (Ficedula)
soarte
Ficedula hypoleuca
Pallas, 1764
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

De bûnte miggesnapper (Ficedula hypoleuca) is in sjongfûgel út de famylje fan de miggesnappers (Muscicapidae). De bûnte miggesnapper is in hoalebrieder mar makket ek wol gebrûk fan nêstkastkes. Krekt as de feale miggesnapper siket de bûnte miggesnapper foar de ynsektejacht in plak mei goed útsjoch op it jachtgebiet en giet nei in útfal hieltyd nei dat plakje werom.

De mantsjes hawwe simmers in swarte rêge, in wite búkpartij en in wite flek op de flerken. It wyfke is mear brúneftich mei inselde tekening. Winters is it mantsje yn uterlik net te ûnderskieden fan it wyfke. Se binne sa'n 12 oant 13,5 sm lang.

De bûnte miggesnapper is benammen te finen yn beamrike tunen, parken en leafbosken en mingde bosken. De bûnte miggesnapper yt net allinne miggen mar ek rûpen en beien steane op syn menu.

De bûnte miigesnapper komt foar yn in grut part fan Jeropa (noarden en súdwesten), yn westlik Sibearje en yn parten fan Noard-Afrika. Hy oerwinteret yn West- en Sintraal-Afrika. Yn East-Jeropa komt de besibbe halsbânmiggesnapper foar. De populaasje yn Nederlân wurdt skatten op 14.000 á 18.000 briedpearkes.

Aaien fan 'e bûnte miggesnapper.