[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Avitus fan Fienne

Ut Wikipedy

Avitus fan Fienne, yn it Latynsk: Alcimus Ecdicius Avitus (sirka 470 - 5 febrewaris 517 of 519) en ek bekend as Sint Avitus, wie biskop fan Fienne fan 494 oant syn dea.

Avitus wie ôfkomstich út in aadlik Gallo-Romeinsk skaai. Hy wie in pakesizzer fan de eardere Romeinske keizer Avitus († 457). Yn 494 waard hy yn neifolging fan syn heit biskop fan Fienne en mei de tiid yn fan de wichtichste Galyske biskoppen. Hy stride tsjin it Ariaanske leauwen, dêr't de Boergonden doe der tiids oanhingers fan wienen, wêrby hy yn 497 deryn slagge, Sigismund, de soan en erfgenamt fan kening Gundobad oer te heljen him ta it katolisisme te bekearjen. Tanksy yntinsive diplomasy troch Avitus keas Gundobad de side fan de Franken en net dy fan de Ostrogoaten. Mede hjirtroch koe de Frankyske kening Klovis yn 507 de Fisigoaten ferslein by Fouillé en wichtichste kening yn Galje wurden.

In oar wapenfeit wie syn oanhâldende striid tsjin it semy-Pelagianisme en foar it primaat fan de biskop fan Rome as haad fan de katolike tsjerke. Fierder wie Avitus foaral bekend as skriuwer.

  • 5 Libelli de spiritalis historiae gestis
I. De origine mundi
II. De originali peccato
III. De sententia Dei
IV. De diluvio mundi
V. De transitu maris rubri
  • De laude virginitatis
  • Epistulae

Literatuerferwizing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]