[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Autodyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Autosnelwei)
Autodyk SP 160 yn Brazylje

In autodyk of in autogongwei[1] is in dyk foar lange ôfstannen, dy't meast foar fluchferkear ornearre is. Der binne twa rydrjochtingen yn tsjinoerstelde rjochtingen en der binne gjin krusings. In autodyk hat om syn minst twa banen yn beide rjochtings, dy't fan inoar skaat wurde troch linen. Men kin oer de ôf- of oprydstripe fan of op de autodyk komme. Om gau op in oare autodyk te kommen binne der ferkearsknooppunten. In autodyk kin oer brêgen en troch tunnels boud wurde. Op de autodyk mei net stilstien of parkearre wurde, dêrfoar binne de tankstasjons en parkearplakken njonken de autodyk.

Gronology fan it wichtichste barren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Standertyndieling fan in autogongwei mei suteldyk en fytspaad. Sjoch de kleure balken en letters boppe-yn.
Read: Dyk (B, D o/m J, K)
Blau: Rydbaan, in fytspaad jildt net as rydbaan
Swart: Rydstripe
A sydberm
B suteldyk
C sydberm
D flechtstripe, útrydstripe
E rydstripe
F spitsstripe
G midstripe
H middenberm
J flechtstripe, ynrydstripe
K fytspaad

In autogongwei hat op syn minst fjouwer rydstripen (2x2). Dat betsjut dat der twa rydstripen de rjochting binne, dus ien rydbaan de rjochting. De rydbanen wurde skaat troch in middenberm mei wol of gjin fangrail. Guon biddenbermen binne wiid genôch dêr't der beammen of strewielen yn steane. Oan de rjochterkant fan eltse rydbaan is in flechtstripe fan likernôch 3 meter breed, dy't ornearre is foar stopjen yn gefal fan need of maleur. Der mei net oer de flechtsripe riden wurden of it moast wêze dat it oanjûn stiet by in opstopping of file. Guon autodiken hawwe mear rydstripen de rjochting, sa as 2x3 of 2x4. Dêrby is it lykwols dreger foar it ûntwetterjen by wiet waar en ûntstiet der de kâns op akwaplening. Yn Fryslân binne alle autodiken lykwols 2x2.

De breedte fan de rydstripen binne almeast 3,50 meter, wylst om de grutte stêden hinne ek wol 3,25 meter binne.

De autodiken binne ornearre foar fluch ferkear en reauwen dy't ûnder 60 km/o ride binne ferbean, allyk fuotgongers, fytsers en bromfytsers.

Op drokke diken wurdt ek wol in wikselstripe yn it midden oanlein, dy't ôfhinklik fan de drokte in bepaalde rjochting iepene wurde kin.

In krusing mei in autodyk wurdt ornaris in oansluting neamd. In krusing fan twa autodiken of fan in autodyk en in dûbelbaans autowei wurdt troch middel fan in ferkearsknooppunt wiermakke. In ferkearsknooppunt wurdt hast altyd op ûngelikense hichte boud en kin yn ferskate foarmen boud wêze, sa as bygelyks in klaverblêd, stjerknooppunt, in turbine of wynmûne. Guon knooppunten binne útfierd as in ferkearsplein op gelikense hichte sa as knooppunt De Jouwer fan foar 2017.

Oanslutings fan sekundêre diken mei in autodyk wurde útfierd troch middel fan op- en ôfritten fan de autodyk ôf. De sekundêre dyk krúst de autodyk mei in fiadukt of in ûndertrochgong. Yn Nederlân binne der om de 4 of 5 km in ôfrit. As ôfritten ticht efterinoar lizze, dan wurdt de útrydstripe trochlutsen oant de folgjende ôfrit. Dy stripe hjit dan in weeffek. Ek op ferkearsknooppunten yn in foarm fan in klaverblêd binne de op- en ôfritten deun efterinoar en dêrby wurdt gauris in ranzjearbaan yn oanlein om trochridend ferkear op de haadrydbaan net te fersteuren.

Yn de measte lannen hawwe de autodykbuorden in blauwe of griene eftergrûn.

Buorden mei in blauwe eftergrûn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

*) Buorden, dy't inkeld nei de autodyk ferwize, binne dochs grien.

Buorden mei in griene eftergrûn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Autodiken yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Autodiken yn guon lannen (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Autobahnsysteem yn Dútslân

Autodiken yn Dútslân besteane út it federale Autobahn-systeem en guon Bundesstraßen, dy't dûbelbaans autowegen binne. De federale Autobahn-systeem bestiet út 13.183 km oan autodyk yn 2020. De Dútske Autobahn hawwe gjin maksimumfaasje, alhoewol't 47% fan de totale dyklingte al in pleatslike begrinzging op de maksimumfaasje hat, sa as bygelyks by stêden en krúspunten. De oanrekommandearre faasje is 130 km/o. De dûbelbaans autowegen hawwe lykwols in maksimumfaasje fan 120 km/o of leger. De Autobahn wurdt nûmere mei in "A".

Feriene Keninkryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Motorways yn it Feriene Keninkryk

Yn it Feriene Keninkryk is in autodikesysteem (motorway) fan likernôch 3.200 km. Yn 1949 waard de Special Roads Act troch de Britske oerheid oannommen en yn 1958 waard de earste part fan de M6 iepene. Yn 1972 wie der yn totaal 1.600 km oan motorway oanlein. Fan de 1970-er jierren ôf kaam der mear tsjinstân tsjin it bouwen fan motorways en ek de kosten laten der ta dat der kompromissen sletten wurde moasten. In stikmannich ringwegen yn en om Londen hinne waarden skrast en yn 1985 waard de M25, de grutte ringwei om Londen hinne iepene as in kompromis. Yn 1996 wie der 3.200 km oan motorway. Motorways wurde nûmere mei in "M". Yn Noard-Ierlân wurde motorways ek mei in "M" nûmere, mar mei syn eigen nûmeringssysteem. De maksimumfaasjes op de motorways is 70 myl/o (113 km/o).

Feriene Steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
US Interstate Highway System

██ Interstates mei twa nûmers

██ Interstates mei trije nûmers

██ Interstates dy't boud wurde sille

It autodikesysteem yn de Feriene Steaten is it Interstate Highway System en hat in totale lingte fan krapoan 78.000 km. Yn 1956 waard troch presidint Dwight D. Eisenhower mei it systeem úteinset. Hy rekke yn de kunde mei it lyksoarte Autobahn-systeem yn Dútslân doe't er generaal fan de Alliearde striidkrêften yn de Twadde Wrâldkriich wie, en woe soks ek yn de Feriene Steaten wiermeitsje. Der wiene al earder in stikmannich autodiken, lykas de Pennsylvania Turnpike dy't yn 1940 reekaam. Alle interstates wurde freeways neamd, dat wol sizze dat sokke diken allinnich krusings fan ûngelikense hichte hawwe. Ek guon sekundêre diken, lykas dy fan it âldere US Route-systeem en guon diken dy't ûnder behear fan de steaten binne, wurde as freeways oantsjutten. De maksimumfaasje ferskilt de steat en kin útrinne fan 65 oant 80 myl/o (104-128 km/0). De nûmering fan de interstates is even fan east nei west, dy't fan it westen ôf begjint, en ûneven fan noard nei súd, dy't fan it suden ôf begjint.

Autoroute
Autoroute
It autodikesysteem yn Frankryk: autodiken (autoroute) yn giel en autowegen (ekspresdiken) yn read.

It Autoroute-systeem yn Frankryk bestiet út 11.882 km lingte autodiken. It netwurk bestiet hast alhiel út toldiken, útsein om grutte stêden hinne. Bestimmingen oer de autoroute wurde oanjûn yn blau, wylst bestimmings oer meardere autoroutes mei de nûmer fan de dyk oanjûn steane. Toldiken wurde oanjûn mei it teken péage (tol). De autoroute wurdt nûmere mei in "A".

It Autopista-netwurk yn Meksiko

De federale autodiken (Spaansk: Carretera Federal) is in autodikesysteem yn Meksiko dy't mei diken fan it bûtenlân en twa of mear steaten mei-inoar ferbynt. In grut part fan it systeem bestiet út autopistas en dy binne dûbelbaans autodiken mei krusings fan ûngelikense hichte. Oare diken, supercarateras binne gauris inkeldbaans diken mei krusings fan gelikense hichten. De maksimumfaasje op de autopista is 110 km/o en bytiden ek wol 120 km/o. Op de supercarretetera is er 100 km/o. De nûmering is evn fan east nei west, en ûneven fan noard nei súd en dy begjint fan it noardwesten ôf.

Autosnelweg
Autosnelweg
Autodiken yn Nederlân

Yn Nederlân is der op syn minst 2.758 km oan autodyk en dûbelbaan autowei, en mei in tichtens fan 64 km de 1000 km² hat it lân yn fan de measte measte oerflak autodyk de km² yn de wrâld. Sa'n 2.500 km dêrfan is in folsleine autogongwei en dy wurde nûmere mei in "A".

De autodiken wurde op syn minst mei twa rydbanen boud, skaat mei in middenberm mei in fangrail. Sûnt septimber 2012 waard de nasjonale maksimumfaasje ferhege fan 120 km/o ta 130 km/o. Lykwols omreden fan de stikstofkrisis waard de maksimumfaasje yn 2020 weromdraaid ta 100 km/o oerdeis, wylst nachts noch wol 130 km/o riden wurde mocht. Motorreauwen dy't stadiger as 60 km/o ride, binne ferbean. Nederlânske diken wurde in soad brûkt troch de hege befolkingstichtens fan it lân. Dêrmei binne der in soad files op de diken. Yn 1979 waard der úteinset mei it pleatsen fan elektronyske buorden oer de diken hinne dy't wikseljende maksimumfaasjes oanjouwe wannear't der opstoppings ûntsteane. Hja kinne de maksimumfaasje oant 50 km/o ferleegje om sa de ferkearsstreaming better troch gean te litten. Nederlân is it iennige lân dy't it "Tige Iepen Asfalt Beton" wiidweidich brûkt, dêr't wetter effisjint fan drainearje kin.

Nasjonale rûten yn Súd-Afrika

Yn Súd-Afrika bestiet it begryp freeway sa as yn oare parten fan de wrâld, mar hat in justjes oare betsjutting. Op in freeway binne ornaris fuotgongers, fytsers, bromfytsers of reauwen, dy't lutsen wurde troch bisten, ferbean. Freeways binne diken mei krusings fan ûngelikense hichte en de minimumfaasje is 60 km/o.

De measte freeways hawwe in dûbele rydbaan, wylst der ek freeways binne mei in inkelde rydbaan. Der is yn Súd-Afrika in totaal 1.400 km freeway mei in dûbele rydbaan, 440 km mei in inkelde rydbaan en 5.300 km sekundêre dyk mei inkelde rydbaan.

Maksimum faasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lân Maksimum faasje (km/h) (2003)
Belgje 120
Denemark 130
Dútslân gjin maksimum - oanrekommandearre faasje = 130
Eastenryk 130
Finlân 120
FSA 105/112/121/129 leit oan hokker steat it is
Frankryk 130
Grut-Brittanje 112
Hongarije 130
Ierlân 120
Japan 100
Nederlân 130
Portugal 120
Sloveenje 130
Sweden 110 120 op de E6
Switserlân 120
Tsjechje 130

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, literatuer, sjoch Notes en References op dizze side.