[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Frankfurt am Main

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frankfurt)
Frankfurt am Main
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Hessen
Boargemaster Mike Josef (SPD)
Sifers
Ynwennertal 687.775 (2012)
Oerflak 248,31 km²
Befolkingsticht. 2.770 km²
Hichte 112 m. boppe seenivo
Oar
Postkoade 60306–60599, 65929–65936
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 07' NB, 8° 41' EL
Offisjele webside
www.frankfurt.de
Lizzing yn Dútslân

Frankfurt (offisjeel Dútsk: Frankfurt am Main; âld Nederlânsk: Frankfort aan de Main) is in stêd yn de provinsje Hessen, (Dútslân) en ek it haadplak fan de gemeente Frankfurt. It is de grutste stêd fan Hessen mei sa'n 688.000 ynwenners (31 desimber 2012). Frankfurt is in studintestêd, mei de Johann-Wolfgang Goethe Universiteit. Meiïnoar hawwe de hegeskoallen en universiteit mear as 36.000 studinten.

Frankfurt leit oan beide iggen fan de rivier Main en súdeastlik fan it Taunusberchtme. It is de grutste stêd fan de dielsteat Hessen yn it súdwesten fan Dútslân. Yn it súdlike stedsgebiet leit de Frankfurter Bosk dat ien fan de grutste stedsbosken fan Dútslân is. It stedsgebiet beslacht fan west nei east 23,4 km, fan it noarden nei suden 23,3 km. De stêd is opdield yn 46 stedsdielen (Stadtteile), dy’t wer opdield binne yn totaal 118 buerten (Stadtbezirke) en 448 kiesdistrikten (Wahlbezirke). De 46 stedsdielen meitsje diel út fan de 16 distrikten (Ortsbezirke), dy’t elk in distriktsried hawwe mei foarsitter.

Nasjonale Gearkomste 1848/49.

It histoaryske sintrum fan de stêd wie it Dominsel, in eilân tusken twa tûken fan de Main rivier, dat al sûnt de neolityske tiid bewenne is. Neidat it plak al brûkt waard troch de Kelten, Romeinen en Allemannen, waard it om 600 hinne een keningshôf fan de frankyske Merovingen. Mei it keningshôf waard Frankfurt (as Francofurd, Frankefoarde of foarde fan 'e Franken) it earst neamd yn in oarkonde fan keizer Karel de Grutte yn 794. Roomsk keizer Lodewyk de Dútser keas Frankfurt as plak foar syn residinsje. Yn 1220 krige de stêd de rang fan Frije Ryksstêd en fan 1356 ôf mochten der mei de Gouden Bul karfoarsten keazen wurden. Fan 1562 ôf hat de stêd ek kroaningsstêd fan Dútske keizers west. Fan 1816 oant 1866 hat Frankfurt de sit fan de Bûnsdei west. Yn de Paulskirche kaam yn 1848 it earste Dútske parlemint gear. Yn 1866 kaam Frankfurt ûnder Prussysk bewâld.

Yn de tiid fan it nasjonaalsosjalisme waarden 11.134 Joaden út Frankfurt deportearre en fermoarde. Yn de Twadde Wrâldkriich ûndergong Frankfurt heftige bombardeminten. Sa'n 70 persint fan de gebouwen yn de stêd gongen ferlern. It midsiuwske stedsbyld fan Frankfurt kaam by it wer opbouwen nei de oarloch net mear werom. Nei de Twadde Wrâldkriich moast der in nije haadstêd foar de Bûnsrepublyk Dútslân komme. De stêden Frankfurt en Bonn kamen yn 'e beneaming. Op 10 maaie 1949 stimme in mearderheid fan de Bûnsdei foar Bonn as haadstêd fan West-Dútslân. Nei de Twadde Wrâldkriich ûntwikkele de stêd him ta it finansjele sintrum fan Dútslân, sûnt 1998 is de Europeeske Sintrale Bank fêstige yn Frankfurt.

Nijbou fan de Europeeske Sintrale Bank yn juny 2014.

Frankfurt is ferneamd om syn status as finansjele sintrum fan Dútslân en Europa. De stêd makket diel út fan de ekonomysk brûzjende Rhein-Main regio en in protte Europeeske bedriuwen binne der fertsjintwurdige.

Frankfurt is tige ferneamd as fêstigingsstêd fan in protte banken. De haadkertieren fan de trije grutste banken fan Dútslân binne fêstige yn it sintrum fan 'e stêd Frankfurt. De Deutsche Bank stiet oan de Mainzer Landstraße. In pear strjitten fierder is der de Commerzbank toer, de grutste toer fan Frankfurt mei in hichte fan mear as 300 meter. Foar somlike minsken sil it nuver oankomme dat it haadkertier fan 'e Dresdner Bank yn Frankfurt fêstige is, omdat de namme nei de stêd Dresden ferwiist. It is no ûnderdiel fan de Allianz Bank yn München. Frankfurt is ek de stêd fan de grutste Dútske Direct Bank, ING. Ferskate wichtige net publike banken binne ek fêstige yn Frankfurt, lykas Bankhaus Metzler en Aufhäuser, Delbrück Bethmann Maffei en BHF-Bank. By de grutste net-publike banken binne de DZ bank, de Deka, de Frankfurter Sparkasse, en Landesbank Hessen-Thüringen (HELABA). Fierders binne der noch 300 lytsere banken yn de stêd. Mei de beurs fan Frankfurt, de XETRA, dy't by de Deutsche Börse heart, hat Frankfurt de twadgrutste beurs yn Jeropa, en hja nimt in soad hannel yn Dútslân foar har noed.

Frankfurt is ek in wichtige lokaasje foar it ynternet yn Dútslân. Frankfurt hat it grutste ynternet wikselplak, DE-CIX, dêr't domeinnammen fêstlein wurde foar it top-nivo-domein .de. Frankfurt hat de heechste tichtens fan abbekaten yn Dútslân, ien op njoggenennjoggentich.

De Lofthaven Frankfurt am Main is de tredgrutste lofthaven foar persoaneferfier yn Europa. Lykwols leit de Lofthaven Frankfurt-Hahn net yn it stedsgebiet, mar sa'n 120 kilometer westlik dêrfan. De Lofthaven Frankfurt-Egelsbach leit ek net direkt yn Frankfurt, mar 17 kilometer súdlik fan de stêd.

By it "Frankfurter Kreuz" kruse de A3 en de A5. It is ien fan de drokste knooppunten fan Dútslân en Europa dêr't elke dei trochstrings 335.000 auto's delkomme. Mei sa'n 350.000 reizgers per dei is it "Frankfurter Hauptbahnhof" (sintraal stasjon) yn de top fjouwer fan grutste treinstasjons fan Dútslân. Mei 13 spoarferbiningen is it ien fan de belangrykste knooppunten foar it treinferkear yn Dútslân.

Sint Bartolomeus Katedraal
Römer
Alde opera

Sint Bartolomeus Katedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sint Bartolomeus Katedraal (Dom Sankt Bartholomäus) is in goatysk gebou, dat yn 'e 14e en 15e iuw boud waard, mar de fundearring is gâns âlder. It is de grutste tsjerke fan Frankfurt. Fan 1356 ôf waarden keningen fan it Hillige Roomske Ryk keazen yn dizze tsjerke, en fan 1562 oant 1792, waarden der keizers kroand.

Sûnt de 18e iuw wurdt de Sint Bartolomeus tsjerke "de katedraal" neamd, mar de tsjerke hat noch nea in bisdom west. De katedraal baarnde út yn 1867 en waard op 'e nij boud. De toer fan de tsjerke is 95 m.

De namme fan it stêdhûs betsjut "Romaansk". Winliken binne de njoggen hûzen boud troch de stêdsrie yn 1405 foar in rike famylje. It hûs yn it midden waard it stêdhûs en waard letter ferbûn mei de gebouwen dêrneist. Boppe is de Kaisersaal (keizerseal) dêr't keizers dy't kroand waarden harren banket holden. De Römer wie oan 'e ein fan de Twadde Wrâldkriich ferwoastige en letter op 'e nij boud.

De ferneamde âlde opera (Alte Oper) wie yn 1880 boud troch Richard Lucae. It wie ien fan de grutste opera's fan Dútslân oant de Twadde Wrâldkriich. Nei de kriich wie it de "moaist ruïne fan Dútslân". Der is besocht om de tsjerke te sljochtsjen mar waard dochs op 'e nij boud en iepene yn 1981. Hjoed is it in konsertgebou, wylst de operas yn de Oper Frankfurt binne.

Frankfurt is de iennige Dútske stêd mei in protte wolkekliuwers, dat binne gebouwen langer as 150 meter. De measte wolkekliuwers binne yn it westlike part fan it sintrum, dat ek bekend is as it finansjele distrikt (Bankenviertel).

De grutste wolkekliuwers yn Frankfurt binne:

Frankfurt hat ferskate sportklubs, lykas:

  • Eintracht Frankfurt, fuotbal
  • FSV Frankfurt, fuotbal
  • Frankfurt Lions, iishokky
  • Deutsche Bank Skyliners, basketbal
  • Frankfurt Galaxy, Amerikaansk fuotbal

Yn 2006 wie Frankfurt ien fan de spylstêden fan it WK fuotbal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Frankfurt am Main, Germany – foto, fideo en harktriemmen
Hessen Flagge fan Hessen
Landkreise

Bergstraße - Darmstadt-Dieburg - Fulda - Gießen - Groß-Gerau - Hersfeld-Rotenburg - Hochtaunuskreis - Kassel - Lahn-Dill-Kreis - Limburg-Weilburg - Main-Kinzig-Kreis - Main-Taunus-Kreis - Marburg-Biedenkopf - Odenwaldkreis - Offenbach - Rheingau-Taunus-Kreis - Schwalm-Eder-Kreis - Wetteraukreis - Vogelsbergkreis - Waldeck-Frankenberg - Werra-Meißner-Kreis

Kreisfreie Städte

Darmstadt - Frankfurt - Kassel - Offenbach - Wiesbaden

· · Berjocht bewurkje