[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Arielle Kebbel

Ut Wikipedy
Arielle Kebbel
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Arielle Caroline Kebbel
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 febrewaris 1985
berteplak Winter Park (Floarida)
etnisiteit Dútsk
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
Arielle Kebbel op Facebook

Arielle Kebbel (folút: Arielle Caroline Kebbel; Winter Park (Floarida), 19 febrewaris 1985) is in Amerikaansk aktrise, model en presintatrise fan Dútsk etnysk komôf. Hja hat û.m. yn 'e tillefyzjesearjes The Vampire Diaries, Life Unexpected, 90210, Gilmore Girls, UnREAL en Ballers spile. Ynternasjonaal is se wierskynlik it bekendste fan har rol as Elyse Houston yn 'e filmkomeedzje American Pie Presents: Band Camp.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en karriêre as model

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kebbel waard yn 1985 berne yn Winter Park, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Har mem Sheri is in ympressario en de eigneresse fan in lytse filmstudio. Kebbel studearre ôf oan 'e Crenshaw School yn Winter Garden (Floarida). As tiner wûn hja ferskate miss-wedstriden, en yn 2002 naam hja diel oan 'e Miss Florida Teen USA-skientmewedstryd. Foar't se in karriêre as aktrise begûn, wurke Kebbel in skoft foltiids as glamourmodel. Fotoreportaazjes fan har binne publisearre yn tydskriften as Maxim, H, Lucky, FHM en Stuff.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 ferfear Kebbel nei Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, om yn 'e filmyndustry fan Hollywood in nije wurkpaad as aktrise te begjinnen. Se wie dêr noch net iens in hiele wike, doe't se nei in audysje oannommen waard foar de weromkearende rol fan Lindsay Lister yn 'e populêre dramarige Gilmore Girls. Yn dy tillefyzjesearje wie Kebbel as sadanich yn njoggen ôfleverings fan it trêde, fjirde en fyfde seizoen te sjen.

Op 'e tillefyzje wie Kebbel ek te sjen yn gastrollen, û.m. yn 'e plysjesearjes CSI: Crime Scene Investigation (2003), Law & Order: SVU (2003), CSI: Miami (2005) en Hawaii Five-0 (2012). Oare searjes dêr't se gastrollen yn fertolke, wiene û.m. Judging Amy (2003), Entourage (2004), True Blood (2010), Good Vibes (2011) en Instant Mom (2013). Se waard ek cast yn rollen yn twa pilotôfleverings, te witten fan 'e searjes Football Wives en No Heroics, mar dy waarden net as searje oppikt troch ABC, de tillefyzjestjoerder dêr't se foar makke wiene.

Kebbel yn 2012.

Yn 2004 hie Kebbel in weromkearende rol as Taya yn fiif ôfleverings fan 'e rige Grounded for Life. Dat wie ek it jier dat se har debút op it wite doek makke yn 'e hiphopfilmkomeedzje Soul Plane, mei û.o. Kevin Hart, Tom Arnold en Snoop Dogg. Yn 2005 berikte se in mjitte fan ynternasjonale bekendheid mei har rol as de brave Elyse Houston yn 'e gross-outkomeedzje American Pie Presents: Band Camp, njonken û.o. Tad Hilgenbrink en Crystle Lightning. Oare iere films dêr't Kebbel yn spile, wiene û.m. Be Cool, The Kid & I en Reeker yn 2005 en John Tucker Must Die en The Grudge 2 (mei Sarah Michelle Gellar) yn 2006.

Yn 2006 wie Kebbel ek te sjen yn 'e jongereinfilm Aquamarine, yn 'e mande mei Sara Paxton, Emma Roberts en JoJo Levesque. Yn dy film hie Kebbel de rol fan Cecilia Banks, de wichtichste antagoniste. Lettere films dêr't Kebbel yn spile, wiene û.m. it sportdrama Forever Strong (2008), de horrorfilm Freakdog (2008) en de komeedzjefilm The Brooklyn Brothers Beat the Best, dy't yn 2011 yn premiêre gie op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto.

Underwilens hie Kebbel op 'e tillefyzje weromkearende rollen as Lexi Branson yn The Vampire Diaries (2009-2014 en 2017), as Vanessa Shaw yn 90210 (2011-2013), as Britney yn UnREAL (2015) en as Tracy Legette yn Ballers (2015-2016). Se fertolke de haadrol as Paige yn it twadde seizoen fan Life Unexpected (2010) en as Olivia Charity yn Midnight, Texas, in searje dy't begûn yn 2017 en anno 2018 noch rint.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.