[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Artis

Ut Wikipedy
Artis
  dieretún
Yngong Artis (2004)
Yngong Artis (2004)
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Amsterdam
plak Amsterdam
adres Plantage Kerklaan
koördinaten 52° 21' NB, 4° 54' EL
bysûnderheden
type tradisjonele dieretún
oerflak 14 ha
tal bisten 8.200
tal soarten 786
netwurk(en) WAZA, EAZA, NVD
skiednis
iepening 1 maaie 1838
gebou
monumint. status Ryksmonumint
offisjele webside
Webstee Artis
kaart
Artis (Amsterdam-Binnenstêd)
Artis
De lokaasje fan Artis yn Amsterdam.

Artis, eins folút Natura Artis Magistra (Latyn foar "de natoer is de learmasteresse fan keunst en wittenskip"), is de bistetún fan Amsterdam en de âldste bistetún fan Nederlân. Artis leit yn it sintrum fan Amsterdam, mei de yngong oan de Plantage Kerklaan. It 14 hektare grutte park hat 27 monumintale gebouwen dy't foar it grutste part út de njoggentjinde iuw datearje.

De earste jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It "Zoölogisch Genootschap Natura Artis Magistra" waard op 1 maaie 1838 oprjochte troch boekhanneler Gerardus Frederik Westerman, kommisjonêr Johann Wilhelm Heinrich Werlemann en horloazjemakker Jan Jacob Wijsmuller. It doel wie om de natuer sawol yn libbene as net-libbene foarm tichter by de begoedige boargers te bringen. De trije kochten in terrein yn de "Plantagebuurt", doe noch in griene bûtenwyk fan Amsterdam, en lieten der gebouwen delsette en in tún ynrjochtsje. De namme fan it Genoatskip waard al gau fersimpele ta "Artis"; op 1 maaie 1852 krige it genoatskip it predikaat Keninklik.

Yn 'e earste jierren wie Artis in sosiëteit foar wolstelden; de tún wie allinnich tagonklik foar de leden dy 't tsien gûne kontribúsje it jier betellen. Dêrmei finansierden se mei-inoar de tún. Net-leden mochten fan 1852 ôf yn de moanne septimber de tún besykje; it ynangstaryf wie foar harren fêststeld op 25 sinten de besite.

Under de earste bisten dy 't te sjen wiene, sieten apen, harten, pappegaaien en in "Surinaamske boskat" (mooglik in Leopardus-soarte) oanfolle mei it in romte dêr 't bysûndere fuortbringsels fan de natuer, lykas (ûnderdielen fan) planten, bisten en stiennen yn tentoansteld waarden, sammele troch Reindert Draak. Yn it earste jier waard fierder foar fjouwerhûndert gûne in panter kocht.

Yn 1839 kocht it Genoatskip foar 30.000 gûne de reizgjende menazjery fan Cornelis van Aken dy't ûnder oare in jaguar befette. Neist dizze jaguar omfette de menazjery ek in streekte hyena, in Yndyske oaljefant en in boa konstriktor. Dizze eksoatyske bisten foarmen in stevige basis foar de bistetún. It late ta de earste útwreiding fan Artis: de âlde Middenhof waard útwreide mei de Houtwallen oan de beide kanten fan de Nieuwe Prinsengracht. In fearpont ferfierde besikers tusken de twa dielen fan de bistetún. De grêft waard nammentlik noch hieltyd brûkt foar beropsskipfeart tusken Amstel en Entrepotdok, wat nachts in probleem wie omdat skipslju dan wolris in fergeze besite oan Artis brochten. Yn 1866 waard de grêft eigendom fan Artis en omfoarme ta trije grutte fivers mei dêrtusken brechjes fan arsjitekt Gerlof Salm.

Mids njoggentjinde iuw krigen de bisten yn'e tún meastentiids fêste hokken. Yn 1863 waard in nij gebou oankocht dat dat op de Plantage Franschelaan stie. Oan dit bûtenhûs waarden koaien boud, sadat in grutte foliêre ûntstie; yn dizze foliêre waarden ibissen, reagers, pauwen en hinne-eftige fûgels pleatst.

Yn 1877 berikte Artis in oerflakte fan tsien hektare, tusken de Plantage Kerklaan, de Plantage Middenlaan en de Plantage Doklaan. Underwilens wie de oarspronklike bistetún yn de Plantage útwreide mei ûnder oare yn 1859 it rôfbistegebou en yn 1882 it akwariumgebou.

Yn de 20e iuw gie Artis yn neifolging fan it Hamboarchske Tierpark Hagenbeck modernisearjen. Yn 1927 boude de húsarsjitekt Bert Johan Ouëndag it "Kerbertterras", in liuwenferbliuw mei in grêft en muorke yn stee fan traaljes. Ek ûntwurp er it nije apehûs.

Koart nei it hûndertjierrich bestean yn 1938 drige fallisemint en sluting foar Artis fanwegen hege skulden, ferâldering en delgeande besikersoantallen. It "Comité Redding Artis", dat de bistetún finansjeel stipe, oprjochte waard. De grûn en gebouwen waarden oan de gemeente Amsterdam ferkocht. De libbene have bleau fan Artis.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1940, om it begjin fan de Twadde Wrâldkriich hinne, gie it wer better mei Artis. Nei it útbrekken fan de kriich wie der ek genôch iten foar de bisten en foldwaande boumateriaal. Mei de hast in miljoen gûne dy't de ferkeap oplevere hie waarden nije projekten begûn, sa al it "Kamelenveld", de "Apenrots" (beide út 1940) en de "Bergdierenrots" (no "Steenbokkenrots") (1941). In wichtige rol hjiryn hie direkteur Armand Louis Jean Sunier, dy 't as berne Switser de Dútske taal treflik behearske en boppedat in goede ûnderhanneler wie en sa de Dútske besetters oansette koe ta it leverjen fan materialen dy 't nedich wiene. Yn de nacht fan 13 op 14 juny 1941 waard Artis troffen troch alliearde brânbommen dy 't bedoeld wiene foar it njonkenlizzende spoarweiterrein oan de Plantage Doklaan. Der wie aller gelokkischt allinnich skea oan gebouwen. Yn septimber 1941 moast de bistetún op lêst fan de besetter de Joadske leden, fan wa't der fanâlds in protte wiene, de tagong ûntsizze. Yn 1945 krige ek Artis it lestiger en der ûntstie in tekoart oan iten foar de bisten en brânstof foar de pomp fan it akwarium. Uteinlik kaam de befrijing krekt op tiid.

De lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta gelegenheid fan it 125-jierrich bestean waard yn 1963 it "'Nachtdierenhuis" iepene, wylst it 150-jierrich bestean yn 1988 oanlieding wie foar de iepening fan it "Planetarium van Artis". Yn 1992 folge it "Geologisch Museum". Yn 1997 waard it akwarium hielendal fernijd mei in koraalrif, in floedbosk út de Amazône en de fauna fan in Amsterdamske grêft.

Ein jierren njoggentich fan 'e tweintichste iuw begûn Artis mei in rige fernijingen, mei mooglik makke troch de oanwinst fan it njonkenlizzende spoarweiterrein fan fjouwer hektare grut oan 'e Plantage Doklaan en it Entrepotdok. De earste fernijing wie de oanlis fan it 'Wolvenbosk yn 1999, folge troch in neimakke Afrikaansk savannelânskip oan it Entrepotdok letter dat jier.

Yn 2005 waard de âlde rôfdiergalerij sletten fanwegen nije ynsichten oer it op in korrekte wize hâlden fan rôfbisten. Yn datselde jier waard it nije ynsektarium iepene, folge troch in grut flinterpaviljoen yn 2006. Yn juny 2008 waard it "Lemurenland" iepene op it plak fan de eardere "Vogelweide" om natuer tichterby te bringen en tagelyk mear romte foar de bisten te skeppen. "Lemurenland" is boud as in eilân dêr't Vari's har frij bewege kinne. Nei de bou en oanlis fan dizze nije ûnderdielen fan de bistetún, begûn Artis mei it fernijen fan besteande ferbliuwen en it restaurearjen fan monumintale bouwurken.

Ein april 2010 waard begûn mei in fernijing en útwreiding fan de Afrikaansk savanne út 1999, wêrby 't de oarspronklike Afrikaansk savanne ferbûn waard mei it eardere sjiraffegreide en dêrnei foar in grut part opnij oanlein waard. Begjin 2012 waard it ferbliuw fan de Afrikaanske wylde hûnen fernijd. Yn 2014 waard "Micropia" oplevere. Yn Micropia kinne besikers yn de kunde komme mei mikroskopysk lytse organismen, lykas baktearjes en firussen.

26 fan de gebouwen yn Artis binne opnommen yn it register fan ryksmonuminten. Sjoch de list fan ryksmonuminten yn Artis:

  1. Alde haadgebou (1851)
  2. Artis Biblioteek
  3. Bûten Weltevreden
  4. Bûten Welgelegen
  5. Direkteurswente
  6. Akwaarium gebou
  7. Ledelokalen en haadgebou fan Artis-kompleks (1868)
  8. Apehûs
  9. Minangkabauhûs
  10. Artisfiver mei twa identike brêgen
  11. Wolvenhûs
  12. Foliêre
  13. museumgebou De Volharding
  14. dowehûs
  15. Ûleruïne
  16. Kerbertterras (liuweferbliuw)
  17. Fazantery
  18. Moeflonstâl
  19. Sebrastâl
  20. Sjiraffenstâl yn sjaletstyl
  21. Sân túnornaminten
  22. Part fan túnoanlis, dêr't eartiids alle simmers papagaaiestandaards stiene
  23. Hollânske Tún, mei túnbylden, banken en in tinkteken
  24. Tagongstek en kiosken
  25. Groep fan fjouwer oanskeakele magazinen en wurkplakken
  26. In bisteferbliuw út 1910

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL