[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Apen (Nedersaksen)

Ut Wikipedy
Apen
Riedshûs
Riedshûs
Emblemen
               
Sifers
Ynwennertal 12.226 (2022)[1]
Oerflak 77,02 km²
Befolkingsticht. 159 ynw./km²
Hichte 3 m boppe seenivo
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
lânkring Ammerlân
Gemeenteyndieling 9 Bauerschaften
Oar
Adres Hauptstraße 200
26689 Apen
Kfz WST
Gemeindeschlüssel 03 4 51 001
Offisjele webside
www.apen.de
Kaart
Apen (Nedersaksen)
Apen
Kaart
Riedshûs
Lokaasje gemeente Apen yn 'e lânkring Ammerlân

Apen is in plak en de meast westlike gemeente fan 'e lânkring Ammerlân yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. De gemeente leit yn it oergongsgebiet fan it parklânskip Ammerlân nei it Eastfryske feangebiet.

Apen leit súd fan 'e Bundesautobahn 28 nei Aldenburch op 'e saneamde Oldenburger Geest yn it ôfwetteringsgebiet nei de Iems, dêr't it tij noch ynfloed hat op 'e wetterstân fan 'e rivier: it hichteferskil tusken eb en floed is goed in meter. Om de eartiidske oerstreamings winterdeis tefoarren te kommen is der de lêste desinnia in soad wurke oan it fersterkjen fan 'e diken.

Likernôch 28 km fan Apen leit Aldenburch, de meast tichtebylizzende Großstadt.

Gemeenteyndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Apen telt 24 Ortsteile, dy't yn njoggen ferskillende Bauernschafte ûnderbrocht binne. In pear Ortsteile lykas Klauhörn, Lengenermoor en Nordloh-Kanal lizze yn twa ferskillende Bauernschafte.

De njoggen Bauernschafte fan 'e gemeente Apen binne:

  • Apen mei Roggenmoor en dielen fan Klauhörn en Lengenermoor.
  • Augustfehn I.
  • Augustfehn II mei Augustfehn III en de net ûnder Apen fallende dielen fan Klauhörn en Lengenermoor.
  • Espern mei Aperfeld, Apermarsch, Godensholterweg, Klampen en Winkel.
  • Godensholt mei Godensholterfeld, Rothenmethen, Rinzeldorf.
  • Hengstforde mei Aperberg, Hengstforderfeld en dielen fan Nordloh-Kanal.
  • Nordloh mei dielen fan Nordloh-Kanal.
  • Tange mei dielen fan Nordloh-Kanal.
  • Vreschen-Bokel mei Bokelermoor en Holtgast.

It lânskip fan 'e gemeente is in typysk feanlânskip mei lytse wetterkes en kanalen, diken, flapbrêgen, houtwâlen en yn it noardwest fan 'e gemeente it swietwetterwaad. Troch de gemeente rinne meardere wetterkes, dy't oer de Jümme, Leda en Iems mei de Noardsee ferbûn binne. It Augustfehn-kanaal, dat yn 1840 groeven waard foar de ôfgraving fan it fean, is hjoed-de-dei net mear te befarren. Augustfehn I, Augustfehn II en Augustfehn III lizze oan it kanaal. Sûnt de renovaasje yn 1999 hat it tij wer ynfloed op it kanaal.

De fêsting healwei de 17e iuw.

Yn 1230 waard de namme fan 'e gemeente foar it earst neamd, doe't de ridders fan Apen de greve fan Oldenburg militêr bystiene. Yn dy tiid wie it in belangrike grinspost oan 'e wetter- en lânwei nei Eastfryslân. Om dy tiid hinne waard de Sint-Nikolaastsjerke boud. Yn 1340 waard de earste mûne fan Ammerlân yn Apen boud. Iuwenlang wie Apen in wichtige fêsting tsjin de Eastfriezen. Yn 1457 waard de krite by in fete tusken de Eastfriezen en de Aldenburgers yn 'e brân stutsen. Ek dêrnei, lykas bygelyks yn 1465 1468 en 1473, hiene de ynwenners te krijen mei brannen. De fêsting waard yn 1538 troch de foarstbiskop fan Munster oermastere. Sûnt 1582 organisearre greve Johan fan Oldenburg yn Apen twa merken en de merk yn 'e hjerst wurdt ek tsjintwurdich noch alle jierren holden. De fêsting fan 1515 waard yn 'e jierren 1710 oant 1730 as fort ferboud. Yn 'e jierren 1773-1780 folge de sloop en tsjintwurdich tsjûget allinne noch de grêft fan 'e eardere fêsting. De Hengstforder mûne waard yn 1742 boud.

Apen sels hat likernôch 2500 ynwenners. Wat ynwennertal oanbelanget hat Augustfehn mei 2975 minsken it grutste ynwennertal. Apen en Augustfehn I foarmje de twa sintra yn 'e gemeente.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Sint-Nikolaastsjerke fan Apen waard yn 'e 13e iuw boud. De frijsteande toer datearret fan 1497.
  • De kapel fan Vreschen-Bokel is in lyts tsjerkegebou út 1456.
  • De Hengstforder mûne datearret fan 1742.
  • It 104 ha grutte natoergebiet Vreschen-Bokel am Aper Tief.
  • It 50 ha grutte natoergebiet Roggenmoor.
  • It 75 ha grutte natoergebiet Aper Tief.
  • It 34 ha grutte natoergebiet Holtgast.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Apen, ferzje 31 maaie 2024.