Aldesyl (Aldamt)
Aldesyl | ||
Aldesyl op in topografyske kaart út 1933 | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 11' NB, 7° 12' EL |
Aldesyl (Nederlânsk en offisjeel: Oudezijl) is in buorskip en in eardere havenplak yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It leit tsjin Bad Nijeskâns oan, dêr't it fan skaat wurdt troch de rivier de Westerwâldske Aa. It hearde eartiids ta it karspel Nieuw-Beerta.
De namme fan it plak ferwiist nei de syl, dy't dêr yn 1690 boud waard. Nei't yn 1628 de Nieuwe of Langeakkerschans (Nije of Lange-ikkerskâns) oanlein waard, wie der ferlet oan in slûs om yn in gefal fan need ien set it gebiet ûnder wetter. Ynearsten waard yn de nije seedyk in slûs boud, yn de Westerwâldske Aa: de Aa-syl. Dêrnjonken waard in kanaal groeven dêr't in twadde slûs yn kaam. Yn 1669 waarden beide sluzen by in stoarm fuortspield.
Dêrnei waard de âlde rin fan de Westerwâldske Aa tichtsmiten, en waard der yn it kanaal in nije slûs boud; de Tienkarspelenzijl (Tsienkarspelsyl). Dy ferlear al rillegau syn betsjuttenis, om't der benoarden nij lân ynpoldere waard en dus ek nije diken oanlein waarden. Dat late yn 1707 ta de bou fan in nije slûs: de Statenzijl. Fan dat stuit ôf stie de Tsienkarspelsyl bekend as de Aldesyl.
De slûs waard yn 1827 ôfbrutsen. De buorskip om de slûs hinne hold de namme Aldesyl houden.
Stasjon Bad Nijeskâns leit yn Aldesyl.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |