Aldenburger Lân
Appearance
It Aldenburger Lân (Oldenburger Land) is in gebiet yn de Dútske dielsteat Nedersaksen; it leit yn it gebiet fan it eardere Gruthartochdom Aldenburch (oant 1918), de lettere Frijsteat Aldenburch (oant 1946), oan de rivier de Hunte.
Yn dizze kontrei wurdt Dútsk en Nedersaksysk sprutsen en yn it Sealterlân ek Sealterfrysk.
It katolike súdlike part fan it gebiet hjit Aldenburger Münsterlân; it protestantske noarden wurdt yn ingere sin oantsjutten as Oldenburger Land (Altoldenburg).